Definsje oefenet dizze wike mei raketsysteem op de Ofslútdyk
Definsje hâldt hjoed oant en mei freed in oefening by Breesândyk.
Der dogge ûngefear twintich militêren mei en sechstjin ferfiermiddels. Dêr is ek ien pantserhouwitser by, it swierste geskut fan de lânmacht. De militêren oefenje ûnder mear in raketsysteem. De gemeente Súdwest-Fryslân jout oan dat yn dizze perioade lûd fan de oefening te hearren wêze kin.
Fan 13 oant en mei 24 april is der noch sa'n oefening by Breesândyk.