Definsjeplannen foar Fryslân definityf: munysjeopslach en útwreidingen op komst
It kabinet stimt definityf yn mei de plannen om yn de Kollumerwaard in munysjeopslach te bouwen. Der moatte lykwols in soad fragen en soargen beantwurde wurde.
De definitive plannen fan Definsje foar de útwreiding yn it Nationaal Programma Ruimte voor Defensie (NPRD) binne hjoed fêststeld.
Foar Fryslân betsjut it njonken de munysjeopslach in útwreiding fan de fleanbasis Ljouwert, in oanpassing fan de kazerne op It Hearrenfean, útwreiding fan it sjitgebiet op de Ofslútdyk en fan it sjitgebiet op de Vliehors op Flylân.
Soad sjenswizen
Der binne in soad sjenswizen yntsjinne. Allinnich foar de opslach yn de Kollumerwaard al 259. Definsje wol dy soargen serieus behannelje, sa skriuwt it ministearje yn in brief oan de Twadde Keamer.
Omwenners stelle dat it giet om in kwetsber gebiet. Se ha al bot te lijen hân fan boaiemdelgong troch de gaswinning. Se hawwe benammen noed oer de feiligens. Se wolle in 'helder' en 'dúdlik' feilichheidsbelied ha.
Dêrneist moat goed rekken hâlden wurde mei de natuer en ek de lânbou. Definsje hat trettjin bunder lânbougrûn nedich foar de realisaasje fan de opslach. Dy bestimming wurdt militêr.
Feiligens stiet foarop
Neffens Definsje kin yn de takomst binnen de feilichheidssônes njonken de opslach gewoan buorke wurde. Dêrneist wol Definsje goed yn oerlis mei omwenners om soargen fuort te nimmen. Dêrby stiet de feiligens fan omwenners foarop, sa stiet yn de brief oan de Twadde Keamer.
De ympakt op de natuer falt ta, sa skriuwt Definsje. Ljochtoerlêst is der kwealik en njonken sa no en dan lade of losse binne der hast gjin aktiviteiten.
De fleanbasis Ljouwert
Foar de fleanbasis Ljouwert feroaret neat yn de winsken dy't Definsje hat. Se wolle mear lûds- en miljeuromte en útwreiding fan de koarte baan mei in kilometer.
Definsje skriuwt dat dy útwreiding net sûnder konsekwinsjes kin foar omwenners. Sa ha se allinnich al 46 bunder lânbougrûn nedich.
Tjessingawei
Oan de westside giet it om 700 meter ekstra lâningsbaan, oan de eastside om 300 meter.
Dêrneist is der omtinken foar de bewenners fan de huzen oan de Tjessingawei. Der moat sjoen wurde hoe't de baan, dy't dêr foar de ruten leit, it bêste brûkt wurde kin sûnder foar te folle oerlêst te soargjen.
Sjitterrein de Vliehors op Flylân moat ek ynset wurde kinne om amfibyske lâningen te oefenjen. Definsje skriuwt dat dit allinnich kin bûten de briedseizoenen. Sa moat de ympakt op de natuer beheind bliuwe.
De Twadde Keamer is no oan set. Wannear't it op de aginda komt, is noch net bekend.