Omrop Fryslân

Definsje makket definitive kar: Munysje nei de Kollumerwaard en romte foar de fleanbasis

Granaten foar in pantserhouwitser
© Granaten foar in pantserhouwitser
Definsje hat syn definitive winskelist ynlevere foar útwreiding fan de aktiviteiten fan de kriichsmacht.
Yn Fryslân giet it om útwreiding fan de lûdsromte en de start- en lâningsbanen fan de Fleanbasis Ljouwert, in munysjeopslach yn de Kollumerwaard en mear mooglikheden om te sjitten by Breesândyk en de Vliehors op Flylân. Dêrneist wurdt de kazerne op It Hearrenfean justjes grutter.
It binne yn grutte halen deselde lokaasjes as dêr't it kabinet yn maaie har foarkar foar útspruts. Op in pear plakken is ekstra ûndersyk nedich. It giet dan ûnder oare om de ympakt op de natuer en it lûd.
In F-35 lânet op de Fleanbasis Ljouwert
© Omrop Fryslân
Dat ekstra ûndersyk giet om de aktiviteiten op sjitterrein de Vliehors op Flylân. De kommisje m.e.r. advisearre koartlyn dat wichtige ynformaasje oer oantaasting fan de Waadsee en de natuer yn it UNESCO-wrâlderfgoedgebiet ûntbrekt.
Fanwegen de wetjouwing makket it de útfierberheid fan de plannen - it lânjen mei amfibyske reauwen op Flylân en by de Marnewaard - dreech.

Lûdshinder

Dat jildt ek foar de lûdshinder fan F-35's by de Fleanbasis Ljouwert. Der moat better ynsjoch komme yn it pyklûd dat de tastellen meitsje en de gefolgen dêrfan foar de sûnens.
Ek moat Definsje de rekkenmetoaden foar it lûd better ûnderbouwe, fynt de kommisje m.e.r..
Definsje wol mei de provinsjes en belutsen gemeenten no bestjoersakkoarten slúte. Dy moatte dan alle needsaaklike fergunnings oanfreegje. Belanghawwenden kinne dan beswier oantekenje.
Yn desimber nimt it demisjonêre kabinet in definityf beslút. Dêrnei moat de Twadde Keamer der oer teset. Definsje wol nei de beslútfoarming sa gau as mooglik begjinne mei de útfiering.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.