Opfolger Henk de Jong moat 'jonge, moderne' trainer wurde: "Die de club kan helpen in de volgende stap"
SC Cambuur moat op syk nei in nije haadtrainer no't Henk de Jong oanjûn hat nei dit seizoen op te hâlden. De 61-jierrige Drachtster docht in stap werom en wurdt assistint.
"Henk geeft aan dat het klaar is en dat moeten we als club en supporters respecteren", seit algemien direkteur Ard de Graaf oer de stap fan de trainer. "Henk wilde een streep trekken en die keus snappen we."
De Jong makke woansdei bekend yn de Sportcast fan Omrop Fryslân dat hy nei dit seizoen ophâldt as trainer yn it betelle fuotbal.
Hy sil dus net mei Cambuur de earedivyzje yn as einferantwurdlike. De Jong fernimt dat er âlder wurdt en wol boppedat mear tiid foar syn famylje.
Als je promoveert, ga je naar een niveau waarop elke seconde van de week alles van je gevraagd wordt.
Dat is op it heechste fuotbalnivo fan Nederlân dreech, neffens de trainer. De Graaf snapt dy kar.
"Als je promoveert ga je naar een niveau waarop elke seconde van de week alles van je gevraagd wordt. Als je dat niet kan, ga je er aan en dan moet je het niet doen."
Wurk foar Lambooij
De switch fan De Jong betsjut dat der in fakatuere ûntstien is yn it Kooi Stadion. Oan technysk manager Lars Lambooij de taak om in opfolger te finen.
"Zodra het nieuws naar buiten komt, weten de mensen je te vinden", fertelt Lambooij. "Ik heb al wat telefoontjes van zaakwaarnemers gehad."
Hoe't de technyske stêf fan de Ljouwerters der folgjend seizoen út sjocht, wit Lambooij noch net.
Assistint-trainer Edwin de Graaf soe bygelyks promovearje kinne nei haadtrainer, want hy hat de papieren derfoar. Mar der soe ek in trainer fan bûten komme kinne.
"We kijken of we dat intern of extern gaan doen", seit Lambooij dêroer. "We kijken wat de profielen zijn, wat er beschikbaar is en dan gaan we een juiste combinatie van stafleden bij elkaar zoeken."
Oer it profyl fan de nije haadtrainer wol de technysk einferantwurdlike wol wat kwyt. Ferrassend is dat net, want it slút oan by it beliedsplan fan de klup. "We gaan op zoek naar een jonge, moderne trainer die de club kan helpen in de volgende stap."
Op nammen wol Lambooij net reagearje.
Komt Bosschaart werom?
Supporters fan Cambuur sjogge it wol sitten: Pascal Bosschaart dy't weromkomt nei Ljouwert.
De âld-fuotballer wie assistint-trainer by Cambuur en hat Henk de Jong tidens syn siikwêzen as ynterim-trainer ferfong. Dêrnei gie de Rotterdammer nei Feyenoord. Bosschaart makke woansdei bekend dat hy dêr nei dit seizoen fuortgiet as trainer fan Jong Feyenoord.
Ien en ien is twa soene je sizze, mar dat is ditkear net sa. Bosschaart hat nammentlik net it heechste trainersdiploma en kin by Cambuur dus net as haadtrainer oan 'e gong.
It kontrakt fan De Jong, dat noch ien jier troch rûn, wurdt omset ta in fjouwerjierrige ferbining as assistint-trainer. Algemien direkteur De Graaf is bliid dat it boechbyld oan de klup ferbûn bliuwt.
"Henk is niet weg en dat is heel fijn. Henk is Cambuur en voor hem moet er ook een toekomst zijn."
Dochs sit der ek in risiko oan fêst. In nije haadtrainer kin nei in pear nederlagen ûnder druk komme te stean. Supporters sille dan gauris de namme fan Henk de Jong yn it stadion sjonge om him wer nei foaren te heljen.
"Dat is inherent aan het voetbal", fynt Lambooij. "Helemaal bij Cambuur, dat is een emotionele club."
De Graaf hopet dat de Cambuurfans de nije trainer in kâns jouwe en net fuort wer om De Jong roppe.
"De roep om Henk, al zit die thuis op de bank, die blijft altijd. Het zou goed zijn als dat wat afvlakt. Dat is dik verdiend, maar het is ook goed dat het gaat veranderen. Iedereen kan daar zijn rol in vinden straks."
De fans sille Henk de Jong misse
Dêrby is no in oare situaasje ûntstien as yn it seizoen 2023/2024, doe't De Jong nei de operaasje oan syn holle wer hersteld wie en Sjors Ultee as trainer net goed oan it seizoen begûn wie mei Cambuur.
De Graaf: "Het is daarom ook goed wat Henk daar zelf over gezegd heeft. Hij geeft aan dat hij het echt niet meer gaat doen. Hij wordt daarom ook niet de rechterhand van de trainer en dient echt alleen als hulp. Dat is een groot verschil met andere assistenten."
Lambooij sjocht allinnich mar positive saken oan dizze nije konstruksje. "Henk is super waardevol voor de club en een nieuwe trainer, met al zijn ervaring. Hij kent de club door en door. Het is de mooiste combi die mogelijk is."