Omrop Fryslân

Nei in syktocht yn Afrika en Frankryk is it skûtsje De Roerdomp fûn: "Skrok wol even"

De Roerdomp leit yntusken wer yn Drachten
© Omrop Fryslân
It histoaryske skûtsje De Roerdomp is weromfûn, nei't it skûtsje in skoftke spoarleas wie. Nei in lange syktocht bliek it yn Frankryk te lizzen.
De Roerdomp hat in bysûnder plak yn de skûtsjeskiednis. It skip is it alderlêste skûtsje (1933) dat boud is op de werf Bûtenstfallaat yn Drachten. It is ek it susterskip fan de hjoeddeiske skûtsjes fan De Lemmer en Earnewâld.
De nije eigeners Geale en Douwe Tadema - skippers en kampioenen op it skûtsje 'It doarp Eastermar' yn de IFKS - wiene al in skoft op syk nei dit ikoanyske skûtsje. "We wisten net wêr't it lei", fertelt Geale Tadema.
De werf yn Drachten
© Omrop Fryslân
"Wêr begjinst? It is in spjelde yn in heaberch. Fan Fryslân út geane de skûtsjes fuort as in oaljeplak."

Miskien yn Afrika

Der wiene ferskate geroften dat De Roerdomp earne yn Afrika lizze moast. Bewiis wie der lykwols net.
Oeren en oeren speurde Douwe Google Streetview ôf yn de hoop De Roerdomp tsjin te kommen. Hy is in leafhawwer fan âlde skûtsjes en siket wol faker fia dizze wei hjirnei.
Douwe Tadema
© Omrop Fryslân
Sa kaam er tafallich dit skûtsje tsjin. Hy besleat kontakt op te nimmen mei in Fries om utens - Willem de Vries - dy't er noch koe fan in mislearre skûtsjedeal.
"Dy man docht in soad keuringen op de skipswerf yn Frankryk en ken in soad skipsregisters", seit Douwe.
Sitst op it terras en hast in pear bierkes hân?
Geale Tadema leaude broer Douwe earst net
Douwe koe fia de foto's noch krekt it Frânske registraasjenûmer lêze en joech dat troch oan de Fries om utens. Dêrnei bleau it in lange tiid stil.
Op syn fakânsje yn Spanje krige Douwe dan dochs berjocht fan De Vries: it bliek De Roerdomp te wêzen. "Doe skrok ik wol even." Nei't hy in filmke fan De Vries krige, wie hy der wis fan.
Douwe naam kontakt op mei syn broer, mar dy ferklearre him earst foar gek. "Sitst op it terras en hast in pear bierkes hân?", wie de reaksje fan Geale.
Geale Tadema
© Omrop Fryslân
Douwe stjoerde it filmke fan De Roerdomp nei syn broer. De Fries om utens wie dochs yn de buert by de Frânske eigener en besleat dêr hinne te gean mei de fraach oft er saken dwaan woe. Dat seach de Frânsman miskien wol sitten.
Yn july 2025 binne de bruorren nei Frankryk ôfreizge en ta in deal kaam. Maklik gie dat net, omdat de Frânsman it skûtsje net samar kwyt woe.

247 slûzen passearje

Doe't Douwe en Geale útleine wat se dermei fan doel wiene, koene se it dochs iens wurde. In bak mei jild hoegde de Frânsman net, wol woe er der in nij skip foar werom. Dy is fûn en opknapt, mar moat noch wol nei Frankryk fearn wurde en 247 slûzen passearje.
De Roerdomp is ferline wike al mei in frachtwein ophelle út Frankryk en leit tsien meter fan it plak dêr't it ea boud is.
Mei in frachtwein waard it skûtsje út Frankryk helle
© Omrop Fryslân
It is bysûnder dat it skip wer op dat plak leit, fertelt Geale.
"De sirkel is rûn. Yn prinsipe sit hjir alle kennis en kunde yn fan de 800 skûtsjes dy't hjirfoar al boud binne. Dit is de moaiste en prachtichste dy't der is."
De steat is ek noch frij goed, ek al moat der wol it nedige barre. "Yn Frankryk dogge se it ûnderhâld mei de Frânske slach, oftewol net." It skip waard brûkt as wenark.
Sa sjocht De Roerdomp der fan binnen út
© Omrop Fryslân
Under oare it dek moat derôf. Ek leit it skip fol beton om it stabyl te hâlden, dat moat derút.
It skip wurdt werombrocht nei de orizjinele steat sa't dat eartiids wie. "It moat hielendal stript wurde", seit Douwe.

Werom yn de SKS of IFKS

De bruorren hoopje dan it skûtsje wedstriidklear te meitsjen, sadat dy oer in oantal jierren meisile kin yn de SKS of IFKS.
Oft se der dan sels mei sile wolle? Geale: "Oft wy dat binne, in folgjende generaasje of in oare leafhawwer witte we noch net. We hawwe no ek in prachtich skip dêr't we mei sile."
Foarearst meitsje de Tadema's harren op foar it kommende sylseizoen mei harren hjoeddeistige skûtsje It doarp Eastermar.
"En dan sjogge we yn novimber wolris wer wat we hjirmei dwaan sille."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.