Omrop Fryslân

Dóchs gjin IFKS foar Luuc Elzinga: "Keuze gemaakt met pijn in het hart"

De Ut en Thús yn bettere tiden
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De ein fan de skûtsjesoap mei de Ut en Thús liket noch net yn sicht. Hie skipper Luuc Elzinga oardel wike lyn noch in ferfangend skûtsje fûn, no skriuwt er yn in brief oan it bestjoer en leden fan de IFKS dat er dit jier dochs net meisylt yn de kompetysje.
Neffens Elzinga is it hiele barren him en it team fan de Ut en Thús "niet in de koude kleren gaan zitten".
Mei dêrom is keazen om dit jier net mei te dwaan oan it kampioenskip, ek net mei in ferfangend skûtsje dus. Dy kar falt swier: "Deze keuze is gemaakt met ongelofelijk veel pijn in het hart."

Oprinnend konflikt

De beslissing folget op in oprinnend konflikt oer de restauraasje fan de Ut en Thús. In groep leden fan de IFKS sette fraachtekens by de omfang fan de restauraasje en brocht dat nei bûten ta. Neffens Elzinga is de situaasje dêrtroch eskalearre.
"Er is daarbij de suggestie ontstaan dat werkzaamheden heimelijk zouden zijn uitgevoerd en dat sprake zou zijn van opzet of misleiding. Dat beeld is onjuist", skriuwt Elzinga yn de brief.

Wat is der oan de hân?

Sûnt 2023 sylde Elzinga mei de Ut en Thús yn de IFKS. Ofrûne simmer promovearre er noch mei it skip nei de grutte A.
Luuc Elzinga
© Martin de Jong
Nei ûndersyk fan de Commissie Technische Zaken (CTZ) wie de konklúzje dat it skûtsje net neffens de regels ferboud wie. It skip hie noch de 'âlde kop' en de 'âlde kont', mar it middenskip soe mei moderne techniken folslein nij makke wêze.
De Ut en Thús mei dêrom net mear meidwaan oan de IFKS.

Restauraasje wie 'needsaaklik'

Elzinga skriuwt no dat de restauraasje needsaaklik wie fanwegen de minne steat fan it skûtsje. "De restauratie van de Ut & Thús was geen keuze om (on)sportief voordeel te behalen, maar een noodzakelijke ingreep om een skûtsje veilig én toekomstbestendig te houden."
Neffens de skipper hat út ynspeksjes bliken dien dat ferskate ûnderdielen fan it skip "ernstig verzwakt waren". Dêrom is keazen foar in grutte opknapbeurt, dêr't ûnder oaren dek, spanten en platen by ferfongen binne.
"Voor de volledigheid: er zijn geen wijzigingen aangebracht die het karakter van het schip wezenlijk veranderen", sa it te lêzen yn it brief oan it bestjoer. "Het lijnenplan en de verhoudingen zijn behouden gebleven; het betreft nog steeds hetzelfde schip in ontwerp en uitvoering."

Arbitraazje

It team fan de Ut en Thús leit him net del by de konklúzjes fan de CTZ en kiest foar in arbitraazjeproseduere om tsjin de beslissing yn berop te gean. It bestjoer fan de IFKS hat ek al kandidaten foardroegen dy't sitting nimme moatte yn de arbitraazjekommisje.
"De door het bestuur voorgedragen kandidaten achten wij deskundig en geschikt", skriuwt Elzinga. "Wij hebben vertrouwen in een onafhankelijke beoordeling en zullen ons neerleggen bij de uitkomst van deze procedure."
Oebele Brouwer sil sitting nimme yn de arbitraazjekommisje
© RTV NOF
Foarsitter Jaap Jelle Feenstra fan de IFKS seit dat troch it bestjoer fjouwer minsken foardroegen binne foar de arbitraazjekommisje. Dat binne ûnder oare rjochter Oebele Brouwer, dy't ek lid is fan de sylried fan de SKS, en skipsbouwer Haiko van der Werff.
It tredde lid wurdt yn alle gefallen in âld-foarsitter fan de IFKS. Ofhinklik fan wannear't de arbitraazje plakfynt wurdt dat óf Sicko Heldoorn óf Willem Hoornstra.

Royemint

Under de leden fan de IFKS giet de ôfrûne wike in konseptbrief rûn om by it IFKS-bestjoer in fersyk yn te tsjinnen om op de kommende algemiene ledefergadering, op 27 maart, te stimmen oer it út de feriening setten fan skipper Luuc Elzinga.
Luuc Elzinga oan it helmhout fan de Ut en Thús
© Omrop Fryslân
Neffens de opstellers fan it brief hat Elzinga de technyske kommisje 'bewust en opzettelijk misleid, een prachtig en in goede staat verkerend historisch skûtsje vernietigd en de vereniging in diskrediet gebracht'.
It fersyk is noch net yntsjinne by it bestjoer, mar is ek Elzinga ûnder eagen kaam. "Wanneer de arbitragecommissie net zo vernietigend oordeelt als de initiatiefnemers tot ontzetten van mij als lid zal het niet nodig zijn om een royement aan te vragen, maar zal ik hier zelf mijn conclusies aan verbinden."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.