As direkteur hâldt Geale Tadema eltsenien oan board: "Wy helpe inoar, punt"
De ferliking mei it skûtsjesilen is gau makke: As skipper ferantwurdlik foar de bemanning, as direkteur ferantwurdlik foar it personiel. Geale Tadema lûkt dy ferliking graach noch wat fierder troch.
"It giet altyd om it team. Minsken meitsje it ferskil, dat is yn de sport sa en dat is ek yn it bedriuw sa", seit er.
Tadema is skipper op it skûtsje 'It Doarp Eastermar' en sylt mei yn de IFKS. Mar gewoanwei is er ûndernimmer en jout er lieding oan Metalis, in bedriuw yn metaalbewurking.
Mei de iepening fan it nije pân fan Metalis set Geale Tadema in folgjende stap yn de ambysjes mei syn bedriuw.
Wy binne net fan it grut-grutter-grutst, wol fan it goed-better-bêst.
"Wy binne net fan it grut-grutter-grutst, wol fan it goed-better-bêst", seit Tadema.
It tekenet de ûndernimmer dy't yn 2006 mei syn bedriuw begûn. Doe skate de metaaltak fan Caparis (de sosjale wurkfoarsjenning) him ôf om selsstannich fierder te gean.
Hjoed-de-dei is Metalis in gewoan kommersjeel bedriuw dat winst meitsje moat om syn wurknimmers betelje te kinnen.
Ofstân ta de arbeidsmerk
In grut tal fan dy wurknimmers komt earne oars net oan de bak, omdat se - sa't dat dan hjit - in ôfstân ta de arbeidsmerk hawwe. Dêr is Geale Tadema it lykwols net mei iens.
"Se hawwe net in ôfstân ta de arbeidsmerk, want se sitte ommers op de arbeidsmerk", seit Tadema op wisse toan.
"Se binne der gewoan en se wolle en se kinne wurkje. As se net oan de bak komme, dan komt dat omdat de ûndernimmer in ôfstân hat ta de arbeidsmerk. Dy stiet te fier ôf fan de minsken dy't wurkje wolle".
Sa'n personielsbestân freget wol in bepaalde oanpak, seit planner en wurktarieder Michel van Holsteijn.
"Eltsenien hat in gebrûksoanwizing en de iene is wat grouwer as de oare. Mar je moatte him wol efkes lêze, oars komt it net goed."
Foar de 59-jierrige van Holsteijn is Metalis it lêste bedriuw dêr't er wurket. "Ik bliuw hjir oant myn pensjoen", seit er laitsjend.
De bysûndere sfear op de wurkflier is gjin toanielstikje, seit er.
"It is écht: we passe op inoar en we tinke om inoar. Dat giet fierder as allinne it wurk. As in kollega in helpfraach hat, dan helpe wy. Ek as dat in priveefraach is. We hawwe wolris op in kursus heard dat dat net AVG-proof is, mar dat is dan mar sa. Wy helpe inoar, punt."
Stap foar stap omheech
Thiemo Boomgaard is ien fan dy wurknimmers dy't net, of hiel dreech, oan de bak kaam.
Yn 2016 sollisitearre hy by Metalis. "Dat was vanuit de gemeente. Ik had een sollicitatieplicht. Ik kende Metalis helemaal niet en ben onderop begonnen: wat moertjes en boutjes aandraaien op de montageafdeling."
Hy kaam stapke foar stapke hegerop en hat no in liedingjaande funksje.
Het gaat er hier niet om wat je niet kan, maar om wat je wél kan.
Hy wol net folle kwyt oer wat de reden wie dat er sa dreech oan 'e bak kaam. "Je bent jong en je doet wat. Laten we het daarbij houden."
En nei wat oantrúnjen: "Ik was het schoolvoorbeeld van hoe het niet moest."
By Metalis is Boomgaard lykwols op syn plak. "Ik heb wel ander werk gehad, maar dan was het nooit goed. Ik kreeg altijd commentaar. Hier is het heel anders, het gaat er hier niet om wat je niet kan, maar om wat je wél kan."
Nei eigen sizzen is Thiemo Boomgaard groeid. Net allinne yn syn wurk, ek as persoan. "Ik heb meer vertrouwen in mezelf gekregen en dat is een bouwsteen om verder te kunnen gaan."
Perfekt bedriuw
Michel van Holsteyn lit him ûntfalle dat er by it perfekte bedriuw wurket. "Dat mien ik echt. Sa't it hjir giet, soe it eins oeral gean moatte. Sá moatte je mei-inoar omgean."
"We wurkje bikkelhurd en we binne it lang net altyd mei-inoar iens, mar der is altyd it gefoel fan fertrouwen en respekt. We binne in fangnet foar inoar en by ús giet it der om wa'tst bist. Net om watst kinst."
Oan board hâlde
Dochs is it net sa dat eltsenien te plak is by Metalis. "It giet ek wolris net goed", seit Annelies Mulder, dy't as officemanager ek it personielsbelied en de soarch foar it personiel yn har takepakket hat.
"Wy besjogge altyd oft ien ekstra begelieding nedich hat. Guon hawwe wat mear soarch nedich omdat se in ferline hawwe."
Somtiden slagget it net om in meiwurker binnenboard te hâlden. "Tachtich persint giet wol goed, mar tweintich persint giet net goed. Dus ja: ek wy moatte wolris minsken ûntslaan."
"Ik haw no al faak sjoen dat manlju hjir binnen komme mei it idee dat se neat kinne. Dan gean wy mei se oan 'e gong en ûntdekke se dat se bêst wol wat kinne. Dat docht wat mei in minske."
Neffens Mulder wurdt der in soad tiid stutsen yn begelieding en oplieding. "Wy sykje altyd nei in passende oplieding. Dan kinne se wer fierder."
Mei wa't je ek prate by Metalis, úteinlik falt de namme fan direkteur Tadema. Altyd gewoan mei de foarnamme oantsjutten: Geale.
Hy is de grutte inisjator fan dizze wize fan ûndernimmen, wêrby't de meiwurkers sintraal steane.
Eltsenien derby hâlde
"Sjoch, ik haw dingen fan hûs út meikrigen. Noarms en wearden, sosjale feardichheden, praktyske saken as belestingen en fersekeringen. Mar dat hat net eltsenien."
Hy follet oan: "Wy besykje hjir om eltsenien derby te krijen. Wy helpe dus ek praktysk mei bygelyks brieven fan oerheidsynstânsjes."
Minsken binne it wichtichste wurkmateriaal fan in bedriuw.
Dat dit wêzentlik oars is as by de measte oare bedriuwen, seit him net safolle. "Ik haw in bepaalde oertsjûging oer bedriuwsfiering en dat draait om minsken. Minsken binne it wichtichste wurkmateriaal fan in bedriuw."
Dy selde oertsjûging klinkt ek troch as him frege wurdt nei de takomst.
"We sille oer in x oantal jier noch altyd itselde dwaan, mar wol hieltyd mear automatisearre en robotisearre. Mar ek dan steane de minsken noch op it earste plak."
Leaver harkje?
Dit ferhaal is ek as podcast te hearren en yn ús radioprogramma Buro de Vries.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle.