Omrop Fryslân

Eastermar kampioen yn IFKS nei fenomenale apoteoaze op Iselmar

Eastermar wint
© Martin de Jong
It skûtsje fan Eastermar is kampioen wurden yn de IFKS nei in fenomenale apoteoaze op de Iselmar.
As it in film wie, hie it net te leauwen west. Mar it is echt. Twa dagen lang hie it skûtsje Sterke Jerke alle kaarten yn hannen om kampioen te wurden, en twa kear waard it pas yn it lêste rak beslikke.
By de Sterke Jerke giet it seil nei de oare kant
© Martin de Jong
Ien dei foar de ein fan it kampioenskip hoegde de Sterke Jerke allinne mar foar Eastermar te finishen om kampioen te wurden. En Eastermar lei alderlêste nei in strafrûntsje by de ûndertonne.
Mar nei in flater fan de Sterke Jerke koe Eastermar der foarby. En sanselde senario tekene him ôf yn de slotwedstriid.
Dit fiele wy yn ús hert.
Geale Tadema
De opdracht foar Eastermar wie dúdlik. Allinne in earste of in twadde plak joech rjocht op it kampioenskip. En dan mocht de Sterke Jerke net yn de top fiif finishe.
Dat lêste wie oan de Sterke Jerke. Mar it earste wie foar Eastermar. Dat skûtsje kaam as sânde om de boppetonne, achter de Sterke Jerke.
Mar dêr't de Sterke Jerke achterút sylde, sylde Eastermar nei foaren. Hieltyd wer in plakje. Op it lêst waard dat in gefjocht om it twadde plak mei de Grutte Pier. Eastermar wûn.
De Sterke Jerke finishte as tsiende.
Skipper Geale Tadema is út de skroeven. "We ha prachtige wedstriden syld, de hiele wike al. Alles wie raak. Dit is toch moai silen? Geweldich, geweldich!
"Wy binne machtich moai nei foaren syld. En de Sterke Jerke sakke ôf. Sy rekken wat mei oare skippen yn konklaaf, en wy koene moai de frije slagen fine. Echt machtich."
It Doarp Eastermar is kampioen
It is de twadde kear dat Tadema mei Eastermar kampioen wurdt yn de IFKS. "Dit is no, dat oare wie sân jier lyn. Dat stiet yn de boeken. Dit fiele wy yn ús hert."
"Dy emoasje, dat makket ús grutsk. Sa binne we. Wy binne wat emosjoneel, dat makket it libben ek moai. Der moat wat emoasje yn sitte."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.