Ingelskman foar slotwedstriid al kampioen yn C-klasse IFKS
Ien dei foar de ein fan de IFKS is de earste kampioen bekend. It is de Ingelskman fan skipper Ånne Heerschop.
Heerschop finishte as twadde yn de ynhelwedstriid yn de baai by De Lemmer, mar omdat er dêrfoar alles wûn hie, kin der net ien him mear foarby yn it klassemint.
"Dit is geweldig natuurlijk, hier zijn we hartstikke blij mee", seit Heerschop direkt nei de wedstriid. Hy wol net sizze dat it maklik wie, ek al hat er hast alles wûn. "We hebben er flink voor moeten strijden. Vandaag was het te moeilijk."
Ingelskman foar slotwedstriid al kampioen yn C-klasse IFKS
Foarich jier waard de Ingelskman noch twadde yn de grutte A-klasse. En it jier dêrfoar sels noch earste. Doe wie heit Sikke noch skipper. "Ik denk dat we wel aardig hebben laten zien dat we zijn voetstappen kunnen vullen."
"Ik keek net op mijn telefoon, en ik had al een appje van hem. 'Ik ben trots op je', het is heel leuk om dat te horen."
Takom jier sylt Heerschop dus yn de B-klasse. Miskien wol tsjin syn broer Wytse, dy't mei de Grutte Geert degradaasjekandidaat is. "Dat zou jammer zijn. Het is heel leuk om tegen elkaar te varen, maar liever in de A-klasse."
B-klasse
De Jonge Jan is as earste oer de finish kaam yn de B-klasse. Dêrachter finishte de Ut en Thús as twadde. Dizze twa skûtsjes stride om it kampioenskip yn de slotwedstriid by De Lemmer.
Tredde waard de Hoop op Zegen fan skipper Mark de Koe.
Lytse a-klasse
De Swanneblom fan Jelle Talsma is as earste oer de finish kaam yn de lytse a-klasse fan de IFKS. It is de twadde deipriis foar de Swanneblom dizze wike.
Mear oer de IFKS fynst hjir: