Omrop Fryslân

Magistrale ynhelrace fan Eastermar hâldt IFKS spannend oant lêste dei

Eastermar
© Martin de Jong
De Sterke Jerke hoegde allinne mar foar Eastermar te finishen om kampioen te wurden yn de IFKS. En Eastermar lei nei de twadde tonne hieneldal achteroan.
Dochs finishte Eastermar foar de Sterke Jerke. Mei in magistrale ynhelrace yn De Baai fan De Lemmer hat skipper Geale Tadema de spanning werombrocht yn it kampioenskip.
De Vrouwe Jantje kaam as earste oer de finish.
De striid tusken de kampioenskandidaten begûn al by de start. De titelkandidaten Sterke Jerke en It Doarp Eastermar starten flak by mekoar, deun by it startskip.
Eastermar foel oan, en gie as earste ree yn it krúsrak. De Sterke Jerke reagearre, en draaide mei.
By de boppewynske tonne waard it ien grutte gribus. De Vrouwe Jantje wie der as earste omhinne, en de Sterke Jerke as twadde. Eastermar kaam der as seisde omhinne.
Sterke Jerke foar Eastermar om de tonne
By de ûndertonne waard it ek in gaos. Meardere reade flaggen giene omheech, en Eastermar draaide in strafrûntsje. Dat hie de genadeslach wêze kind foar it kampioenskip, want Eastermar moast achter de hiele float del draaie.
Troch de koarte baan yn de Baai fan De Lemmer bleaunen de skûtsjes ticht by mekoar. By de twadde boppetonne waard it opnij in gribus. De nûmers ien en twa, Vrouwe Jantje en Sterke Jerke, kamen der goed omhinne, mar dêrachter waard it drok.
It Doarp Eastermar profitearre dêrfan, en skarrele in pear plakjes nei foarren.
Pieter Jan Postma giet hast oerboard
Eastermar kaam hielendal werom yn yn de foarein fan de wedstriid, en sylde sels de Sterke Jerke foarby.
Dat skûtsje hie in min rak nei de boppetonne, en makke dêrnei in flater yn it ûnderwynse rak. Eastermar sylde oer bakboard, en kaam mei de opstekker oer it achterdek fan de Sterke Jerke hinne, dy't krekt nei stjoerboard gijpte. Dat mocht net.
De Sterke Jerke naam it ferlies, en draaide in strafrûntsje.
In flater fan de Sterke Jerke
Fan it wetter ôf is noch better te sjen hoe ticht de skûtsjes by mekoar kamen.
Reade flagge by Eastermar
"Sy gijpten ynienen, en wy koene noch mar krekt in oanfarring fermije. Hiel simpel, dat mei net. Wy ha de flagge lutsen, en sy hiene yn de gaten dat se fout sieten, dus se ha in rûntsje draaid. No bliuwt it moai spannend oant en mei moarn", seit adviseur Tammo Oosterhof fan Eastermar direkt nei de wedstriid.
De striid om it kampioenskip leit no noch iepen. It beslút moat falle op de slotdei.
"Moaier as dit wurdt it net", seit skipper Geale Tadema fan It Doarp Eastermar. Hy baalt derfan dat de wedstriid dien is. "It wie in koarte wedstriid, dat hie om my wol oardel oere, twa oeren duorje mocht."
Mear oer de IFKS fynst hjir:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.