Omrop Fryslân

Bizarre ûntknoping yn B-klasse: twa skûtsjes mei eksakt likefolle punten

Bliidskip op de Jonge Jan
© Omrop Fryslân
Yn de B-klasse binne twa skûtsjes einige mei eksakt likefolle punten.
De Ut en Thús en de Jonge Jan. Dan giet it derom wa't de measte earste plakken hat. Dat is gelyk. It tal twadde plakken is ek gelyk. It tal tredde plakken en it tal fjirde plakken ek.
It komt oan op de lêste wedstriid. Dy is foar de Jonge Jan krekt wat better as foar de Ut en Thús. De Jonge Jan is kampioen.
Doe't de Jonge Jan ienkear oer de finish wie, wie it wachtsjen op de finish fan de oare skippen. As der ien skip tusken de Jonge Jan en de Ut en Thús siet, wie de Jonge Jan kampioen.
De bemanning koe allinne noch mar ôfwachtsje. Us kameraboatsje wie derby, en lei de spanning fêst. En de bliidskip.
Spanning by de Jonge Jan
Skipper Bart Westerhof fan de Jonge Jan is út de skroeven mei de winst. "Dit is ûnfoarstelber. Ik hie net hielendal begrepen dat it sa siet, mar blykber is dit genôch."
Superlativen sjitte him tekoart. "Super. Supermoai. Echt ûnfoarstelber. Wy ha eksakt deselde rige fearn! Machtich!"
"Achterop hiene se it al yn de gaten, mar we moasten noch oardel rak. It is ûnfoarstelber, mar it is slagge."
Mear oer it skûtsjesilen fynst hjir:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.