Liveblog
|
16 augustus 2025
Sterke Jerke hat it 'ferskiten': "Dit is wol even soer"
De skûtsjes fan de IFKS sylden de finale yn de Lemster Baai.
Lêst bywurke: 16 augustus 2025, 18:13
18:13
Sjoch hjir nei it Skûtsjesjoernaal
17:20
Sterke Jerke hat it 'ferskiten': "Dit is wol even soer"
Twa dagen lang hie it skûtsje Sterke Jerke alle kaarten yn hannen om kampioen te wurden, en twa kear waard de striid yn it lêste rak beslikke yn it foardiel fan Eastermar.
"Dit is wol even soer," seit skipper Pieter Jilles Tjoelker fan de Sterke Jerke, "mar dêr moatte je trochhinne sjen. We ha in prachtich kampioenskip hân."
"In twadde plak, dan kinne je wol hiel lang seure, mar dat moat net. Dit is hiel moai, we ha goed syld. Allinne juster en hjoed ha we it wat ferskiten. Dy oare mannen ha gewoan folle better syld. Dêr moatte we ús by dellizze."
"Wy ha oant it lêste rak op kampioenskoers lein, dus dêr moatte we wol even fan bekomme, Mar we moatte ek troch. Takom jier is der wer in jier." Hiel lang sil Tjoelker der gjin lêst fan ha, seit er. "Tsien minuten, en in pear bierkes, dan is it wol wer klear. Dêr sit ik net oer yn."
17:00
Sjoch hjir nei in ferslach fan de kampioenswedstriid
De kampioenswedstriid
16:49
It klassemint
16:48
De folsleine útslach
16:38
Eastermar lokwinske troch deputearre Abel Kooistra
Mei in slokje op kosten fan it provinsjebestjoer lokwinsket deputearre Abel Kooistra de skipper en bemanning fan It Doarp Eastermar.