Omrop Fryslân

Berne-opfang Partou hoecht foarearst net te ferhúzjen: rjochter jout organisaasje gelyk

Lokaasjemanager Astrid Wijmenga fan Partou yn Drachten
© Omrop Fryslân
Berne-opfang Partou út Drachten mei foarearst sitten bliuwe oan de Frisia yn Drachten. De gemeente Smellingerlân mei it gebou net samar oerdwaan oan in oare partij. Dat hat de bestjoersrjochter bepaald yn it koart pleit dat Partou oanspand hie tsjin de gemeente.
Partou sit yn Drachten njonken de basisskoallen Het Anker en De Bolder. De organisaasje hat dêr yntusken njoggentjin jier in plak, mar krige foarich jier te hearren dat se in oare lokaasje sykje moat foar berne-opfang De Tovervis en bso Schip Ahoy yn Drachten.

Kinderwoud

Adenium, de koepel dêr't dizze beide basisskoallen ûnder falle, wol in bernesintrum opsette en dêryn gearwurkje mei Kinderwoud, in konkurrint fan Partou. De skoallekoepel wurket ek yn oare doarpen gear mei dizze partij.
Kinderwoud soe it personiel fan Partou sa oernimme kinne, wêrtroch't it beslút kwealik gefolgen hawwe soe foar de bern en âlden.
De gemeente Smellingerlân, as eigener fan it gebou, gie dêryn mei en sei Partou ein foarich jier de wacht oan. De organisaasje moast fan de gemeente foar 1 jannewaris 2026 út it gebou, mar dat beslút hat Partou oanfochten yn in koart pleit. Foarige wike stienen beide partijen foar de rjochter.
Alders mei bern by Partou binne ein foarich jier in petysje begûn om op te kommen foar de organisaasje
© Omrop Fryslân
De gemeente seit dat sa'n iepenbiere oanbesteging net hoecht as it giet om húsfêsting fan in skoalle.

Didam-arrest

De rjochter is it dêr mei iens, mar seit ek dat it gebou dêr't de berne-opfang sit net bedoeld is foar it ûnderwiis. Dêrom is it saneamde Didam-arrest fan tapassing.
Dizze regel bepaalt dat in gemeente ferkeap fan de eigen gebouwen fia in iepenbiere oanbesteging regelje moat, sadat ek oare partijen kâns krije it gebou te keapjen.
De âlderkommisje fan Partou is bliid mei de útspraak. ''Partou hat no in earlike kâns om dêr te bliuwen", seit Lusanne van der Meer fan de kommisje. Juridysk adviseur Lourens Breedveld fan Partou seit no yn petear te wollen mei de gemeente oer de situaasje.
De gemeente Smellingerlân lit witte de útspraak te bestudearjen om te sjen wat de konsekwinsjes binne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.