Omrop Fryslân

Alders út Drachten op de bres foar berne-opfang Partou: "Wy binne striidber"

It gebou fan Partou
© Omrop Fryslân
Mei 2.092 hantekeningen op papier melde âlders út Drachten har tiisdei by de gemeente Smellingerlân. Se wolle dat it beslút om berne-opfang Partou per 1 jannewaris de hier op te sizzen weromdraaid wurdt.
De lanlike organisaasje Partou hiert it gebou oan de Frisia al njoggentjin jier en hat dêr bernedei-opfang Tovervis en bso Schip Ahoy te sitten.
Foarich jier krige de organisaasje te hearren dat se dit plak, flakby basisskoallen Het Anker en De Bolder, ferlitte moatte foar 1 jannewaris 2026.

Yntegraal bernesintrum

Skoallekoepel Adenium, dêr't beide skoallen ûnder falle, wol in yntegraal bernesintrum yn Drachten mei berne-opfang en wol dêryn gearwurkje mei de stichting Kinderwoud.
De fraach is oft deselde jassen der nei de krystdagen noch hingje
© Omrop Fryslân
It nijs kaam de âlders rau op it dak. "Wy krigen op in moarn in berjochtsje dat der in gearkomste belein wie en we binne deselde jûns ynljochte", fertelt Lusanne van der Meer fan de âlderkommisje.
"Dat wie skrikke fansels. Wy hienen dat net ferwachte. As âlders hawwe wy doe sein: wat kinne wy dwaan? Wy binne striidber."

Drege petearen

Partou sels wist in jier lyn al dat de hier opsein waard. Dat se de âlders pas op it lêste ynljochte hawwe, komt trochdat se it ôfrûne jier besocht hawwe om de gemeente en Adenium op oare gedachten te bringen.
Yn de brief dy't se krigen fan de gemeente stie dat der petearen hâlden wurde soenen oer de oerdracht. ''Maar de gesprekken verliepen moeizaam", seit lokaasjemanager Astrid Wijmenga.
Lokaasjemanager Astrid Wijmenga fan Partou yn Drachten
© Omrop Fryslân
Ek hat de organisaasje besocht in pân te keapjen, mar dêr gie de gemeente net op yn.

De ferhúsdoazen binne likernôch noch net ynpakt. Partou hat in ekspert ynskeakele en is fan doel nei de rjochter te stappen om it beslút oan te fjochtsjen. De gemeente hat yntusken in beswier binnen krigen.
Dêrnei wol de organisaasje by de rjochter hierbeskerming oanfreegje. Dat kin trije kear takend wurde foar maksimaal ien jier. Yn dy tiid mei de gemeente Partou der net útsette.
It skoalplein fan it gebou
© Omrop Fryslân
Lourens Breedveld, de adviseur dy't Partou ynskeakele, ljochtet it beslút ta: ''Een gemeente kan de huur opzeggen, maar dan moet de reden wel goed zijn."
Dat is hjir neffens him net it gefal. "De ouders zijn tevreden, de GGD is positief en de samenwerking met de schooldirecties loopt goed. Dat ligt ook vast in notulen en appberichtjes. Adenium spreekt van niet optimaal, maar dat is geen goede reden."
Op basis fan it Didam-arrest soe in gemeente it gebou net samar oerjaan kinne oan in oare partij sûnder oaren ek in earlike kâns te jaan it gebou te hieren.

"Dat is gek"

Breedveld hikkelet it beslút fan Adenium dat se mei de opset fan in yntegraal bernesintrum allinnich gearwurkje wol mei Kinderwoud. ''Dat is gek, en al helemaal dat de gemeente daaraan meewerkt."
"Ouders en medewerkers zijn heel tevreden over de dienstverlening, kwaliteit en het werkgeverschap van Partou. Met het besluit dwingt de gemeente indirect dat ouders met een andere aanbieder zaken doen."
We willen nu stappen zetten om ook in Drachten te komen tot integrale kinderopvang en een mooie doorlopende lijn voor kinderen van nul tot 12 jaar.
Adenium wol mei Kinderwoud in yntegraal bernesintrum
Neffens bestjoersfoarsitter Jan Boomsma fan Adenium is it net in kar tsjin Partou. "We kiezen met ons beleid niet tégen Partou, maar vóór Kinderwoud."
"We willen nu stappen zetten om ook in Drachten te komen tot integrale kinderopvang en een mooie doorlopende lijn voor kinderen van nul tot 12 jaar. Lokaal hebben we al hele goede samenwerkingen lopen."
Bestjoersfoarsitter Jan Boomsma fan Adenium
© Omrop Fryslân
"We werken al heel veel samen met Kinderwoud op onze andere locaties", ferfolget Boomsma. "Partou heeft nooit een bestuurlijke samenwerking met ons gehad, met Kinderwoud wel."
As Partou sitten bliuwt, feroaret de situaasje yn ien dy't foar Adenium ''niet wenselijk is".
Alders út Drachten op de bres foar berne-opfang Partou: "Wy binne striidber"
Boomsma fynt it ek spitich dat Partou de koepelorganisaasje net op de hichte brocht hat fan de juridyske stappen dy't set binne en dat se net meinaam binne yn de kommunikaasje nei de âlders.

Oare wurkwize

In goeie oplossing wie neffens him west dat de lokaasje mei alle bern en personiel oernaam wurdt troch Kinderwoud.
Mar neffens Wijmenga is dat gjin goeie opsje. ''Wij werken op een hele andere manier dan Kinderwoud."
De petysje fan Partou is mear as 2000 kear tekene
© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân seit gjin partij te wêzen yn it konflikt. Neffens wurdfierder Harco Zwaan hat de gemeente it rjocht om de hier op te sizzen. "Dat hebben we laten uitzoeken. Het is een normale procedure."
Yn in brief hawwe de boargemaster en wethâlders de ried ynljochte oer de proseduere en de stân fan saken yn dit konflikt.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.