Rjochter jout gemeente gelyk; ferkeap fan De Pleats yn Burgum oan hierder tastien
De gemeente Tytsjerksteradiel mei restaurant De Pleats yn Burgum ferkeapje oan de hjoeddeiske eigener. Dat hat de rjochter bepaald.
It restaurant wurdt sûnt 1997 hierd en yn it hierkontrakt stiet dat de hierder as earste keapje mei as de gemeente it pân ferkeapje wol. Dat hjit it rjocht fan earste keap.
Yn protest
Twa fêstgoedbedriuwen wiene it dêr net mei iens. Sy fûnen dat de gemeente in iepenbiere ferkeapproseduere folgje moatten hie, lykas bepaald yn it Didam-arrest. Neffens dat arrest moat in gemeente by ferkeap eltsenien in like kâns jaan, tensij't der mar ien serieuze keaper is.
De rjochter oardiele dat de gemeente goed motivearre hat wêrom't de hjoeddeiske hierder de iennichste serieuze gadingmakker is. Omdat de gemeente dit ek goed iepenbier makke hat, mocht sy it gebou direkt oan de hierder ferkeapje.