Reaksjes út hiele lân op royale pankoekefakatuere op Skylge: "Veel belafspraken gepland"
Goed twahûndert minsken út hiel Nederlân sjogge wol brea yn de funksje fan pankoekebakker op Skylge. "Limburg, Brabant, Den Haag, Amsterdam, ze komen overal vandaan", seit eigenaresse Britt van der Wal fan Eethuis Hans & Grietje.
Al sille it net allinnich minsken mei in passy foar pankoeken wêze dy't op de funksje reagearje. It binne grif de royale arbeidsbetingsten dy't harren oerstaach helje.
In iPhone 16, in ticket nei Málaga, 14 wiken fakânsje en in tekenboanus fan 2.000 euro. Dat krijt de nije pankoekebakker by it ythûs op Skylge, boppe-op in jierkontrakt. "Dat is vast het eerste wat ze overtuigde."
Dochs hie Van der Wal net sa'n soad reaksjes ferwachte. "Het is echt bizar, maar superfijn."
Skylger ûndernimmers kinne mar dreech oan personiel komme en helje dêrom fan alles út de kast om potinsjele wurknimmers nei it eilân te lôkjen. "We moeten even net iets anders doen dan de rest", sei Van der Wal earder al.
Grutste tûkelteam yn it wervingsproses is wenromte. "Woonruimte is sowieso al heel lastig hier en voor personeel van de wal extra lastig natuurlijk." Mar goed nijs: "Ik heb sowieso één kamer in een appartement. Binnenkort komt er nog een tweede kamer. Dat is heel fijn."
De fakatuere stiet no sa'n trije wiken iepen. Yn earste ynstânsje wie der net sa'n soad animo, fertelde Van der Wal oan Omroep Zilt yn ûndersteande fideo. De fideo en it artikel waarden lanlik in soad besjoen, wêrnei't de sollisitaasjes binnen streamden.
Wat krije potinsjele pankoekbakkers op Skylge boppe-op harren lean?
It betsjut net dat twahûndert minsken de kommende tiid de oerstek meitsje foar in sollisitaasjepetear. "Ik heb veel belafspraken gepland. En in de voorjaarsvakantie draaien een paar mensen een dagje mee."
Foar it kiezen
Mei de lúkse fan twahûndert sollisitanten hat Van der Wal fansels keazen foar minsken mei ûnderfining yn de keuken. Sy hat noch even om de perfekte kandidaat út te kiezen; mar it leafst wurde de earste pankoeken noch foar Oerol heal juny bakt. "Maar er zit zeker potentie tussen."
Wat de pankoekebakker yn spee kinne moat? "Het is eigenlijk heel simpel: gewoon pannenkoeken bakken. Als je lekker positief bent en van hard werken houdt, moet het goedkomen."