Undernimmer fielt him bûtenspul set by ferkeap âlde kampus op Skylge
Undernimmer Martin Boekeloo fynt dat hy troch de gemeente Skylge op ûnrjochtmjittige wize bûtenspul set is yn de ferkeap fan it âlde kampusgebou Victoria.
Ynvestearder FB Oranjewoud is no de gadingmakker en Boekeloo wol dat fia in gong nei de rjochter foarkomme.
Al sûnt 2013 wie Boekeloo yn petear mei de gemeente oer de oankeap fan de âlde kampus fan Maritiem Instituut Willem Barentsz, dat sûnt 2017 leech stiet.
Betelbere huzen
De ûndernimmer wol op it terrein betelbere wenningen realisearje foar starters en tydlik personiel.
"Ik praat met tussenpozen al tien jaar met de gemeente", seit Boekeloo.
"Mijn plannen waren confom hun doelen, conform de woonvisie. Nooit heb ik antwoord gehad dat ik geen serieus gegadigde ben. Als je zo lang praat, dan moet je wel openbaar aanbesteden."
Dochs barde dat net. Op 13 maart 2023 die bliken dat de gemeente in yntinsjeoerienkomst sletten hat mei NHL Stenden en finansierder FB Oranjewoud, sûnder dat der sprake wie fan in iepenbiere oanbesteging.
NHL Stenden wol de lokaasje brûke foar ûnderwiis en ûndersyk en is fan doel om der in 'brede ynternasjonale kenniskampus' fan te meitsjen.
Dit ging allemaal totaal buiten mijn gezichtsveld om.
Boekeloo is net te sprekken oer de gong fan saken, liet hy ôfrûne moandei witte yn de rjochtbank.
Neffens him hat de gemeente de koers ûngemurken feroare en binne de seleksjekritearia oanpast om de ferkeap te rjochtfeardigjen.
"Dit ging allemaal totaal buiten mijn gezichtsveld om. Ik ben daar niet van op de hoogte gebracht en ik denk dat men dat wel had moeten doen."
Didam-útspraak en wenningneed
Boekeloo spande ferline jier al beswier oan. Dat waard ôfwizen, en dêrom sette hy no yn op in koart pleit.
Hy beropt him op de saneamde Didam-útspraak, dy't foarseit dat grûn fan de oerheid fia in transparante proseduere ferkocht wurde moat.
Syn advokaat Jan Willem Spanjer wiisde dêrnjonken op it feit dat Skylge al jierren te lijen hat fan wenningneed en dat it foar starters en tydlik personiel tige dreech is om betelbere húsfêsting te finen.
Neffens Spanjer is de kampus in passende lokaasje foar wenningen en hy fynt it dan ek net terjochte dat de grûn samar ferkocht wurdt, sûnder dat der in iepenbiere ynskriuwing oan foarôfgien is.
Ungeskikt foar wenningen
Yn in ferwar stelt de gemeente dat FB Oranjewoud as ienige mei in konkreet en realistysk plan kaam.
De lokaasje is neffens de gemeente net geskikt foar wenningen, eat wat bliken die út in ûndersyk dy't wenningferhierder WoonFriesland yn in earder stadium foar de gemeente útfierde.
It ûndersyk wiisde út dat it terrein finansjeel net rendabel is foar sosjale wenningbou, mei omdat it terrein bûtendyks leit en njonken in Natura 2000-gebiet.
Neidat dy konklúzje fêststeld waard, kaam NHL Stenden mei in alternatyf yn byld.
Fragen en krityk
Dochs smyt it hiele proses fragen op by foarsjenningsrjochter Janet Werkema. Se is kritysk oer de seleksjekritearia.
Dêr't de beliedsfokus earst benammen lei op wenningbou, kamen der hieltyd mear nije útgongspunten by, wêrûnder 'oandacht foar ûndersyk en ûnderwiis' en 'ferbreding fan de ekonomy'.
Dy punten lykje gear te fallen mei de winsken fan NHL Stenden en dêrom hat de rjochter har twivels.
Op de fraach hoe't it beslút ta stân kaam wie, joech de gemeente gjin dúdlik antwurd. Neffens de gemeente wie der inkeld ien persoan op de hichte fan it hiele proses, mar dy persoan is yntusken útfallen.
Het lijkt erop dat de criteria specifiek zijn toegeschreven aan FB Oranjewoud en NHL Stenden.
Dat der gjin sprake west hat fan in iepenbiere oanbesteging stuit Spanjer, de advokaat fan Boekeloo, tsjin it boarst.
"Nu heeft het college zelf de criteria vastgesteld, zonder inspraak van de gemeenteraad. En het lijkt erop dat die criteria specifiek zijn toegeschreven aan FB Oranjewoud en NHL Stenden."
'Net konkreet genôch'
Ien fan de advokaten fan de gemeente, Bernadette Raaijmaakers, sprekt dat tsjin en stelt dat de plannen fan Boekeloo net konkreet genôch wiene. De gemeente hat har eigen belied folge en de ûndernimmer is neffens har dan ek net samar bûtensletten.
"Hij stelt dat hij onderzoek en onderwijs kan ontwikkelen, maar dat is voor de gemeente niet voldoende. Hij moet meer leveren dan alleen de belofte dat hij daartoe in staat is. Daarom mag de gemeente daaraan voorbijgaan."
De krekte plannen fan NHL Stenden binne oant safier ek net iepenbier en net dield mei de gemeenteried fan Skylge.
Oer 14 dagen folget de útspraak fan de rjochter. As dizze te'n geunste fan Boekeloo is, dan hat hy it foarnimmen om mei meistanners Wenkoöperaasje Victoria op te setten.
Se binne foarnimmens om op de âlde kampuslokaasje 36 wenningen te renovearjen en te ferduorsumjen. It 'gebou op peallen' wol de koöperaasje omtsjoend ta acht romme wenningen.