Omrop Fryslân

Agil Etemadi komt nei 15 jier werom by sc Hearrenfean, de klup dêr’t it begûn

Agil Etemadi
© Orange Pictures
Nei fyftjin jier is Agil Etemadi werom by Sportklup Hearrenfean. "Ik heb op elke hoek van Heerenveen een goede herinnering."
As keeperstrainer moast hy mei de technyske stêf al flinke knopen trochhakje, mar wat by him oerhearsket, is hoe bliid hy is om werom yn Fryslân te wêzen.
Etemadi is sûnt dit jier keeperstrainer by Hearrenfean.
Hy wennet no yn Haarlem, mar hy groeide op yn Fryslân.
De earste seis jier fan syn libben wenne Etemadi yn Teheran, dêrnei flechte er nei Nederlân.
Fanwegen de hjoeddeiske situaasje yn Iran soe it logysk wêze om dêr ek oer te praten, mar dat is net mooglik.
"Ik wil liever praten over voetbal en mijn vak, maar los daarvan is het ook niet verstandig om daarover te praten. Ik moet politiek en Heerenveen gescheiden houden."

Fan Teheran nei Grou

Mar der bliuwt genôch oer om wol mei Etemadi oer te praten. De no 38-jierrige keeperstrainer ferhuze doe't er seis jier wie nei Fryslân. Hy kaam yn Grou terjochte.
De D1 fan Hearrenfean, mei ûnder oaren Geert Arend Roorda, Loes Geurts (keeper) en Etemadi (5e fan links boppe)
© Agil Etemadi
"Ik heb heel veel mooie herinneringen aan Grou, ik heb er een fantastische jeugd gehad", fertelt er.
"Ik heb gevoetbald bij GAVC. Op een gegeven moment had mijn moeder een kapsalon in Heerenveen en mijn vader ging voor De Vries Trappen werken. Mijn broer Zabih en ik mochten toen voetballen bij Heerenveen. Toen zijn we daarnaartoe verhuisd."

Fan spits nei keeper

Etemadi spile by Hearrenfean yn de spits.
"Maar toen kwam Samaras bij de B1. Toen was ik kansloos als spits. Bij de C1 stond Loes Geurts (letter keeper fan de Oranjefroulju) op goal, maar die mocht niet verder naar de B1. Toen kreeg ik van Peter Meindertsma een kans op goal en ben ik gebleven als keeper."
It ferhaal fan Agil Etemadi
In offisjele wedstriid yn it earste spile Etemadi noait. Dêrnei spile er by acht oare klups.
Fia Emmen, Veendam en FC Grins kaam er yn Iran by Tractor Sazi terjochte, in grutte klup dêr't hy foar 100.000 fans spile.

Fan Veendam nei Iran en Almere

By Almere City spile hy trije seizoenen in soad wedstriden, wêrnei't er wer ferhuze nei Iran, nei Sanat Naft Abadan.
Henk de Jong helle him nei De Graafschap. Hy wie dêr foaral twadde keeper. De Graafschap promovearre en mei dy klup spile er syn iennige trije duels yn de Earedivyzje.
Hy ferhuze werom nei Almere. Foaral de klik mei Alex Pastoor soarge derfoar dat hy oan de ein fan syn aktive kariêrre foar it fak keeperstrainer gie.
"Ik had nooit gedacht dat ik trainer zou worden. Ik had die ambitie niet en tijdens mijn voetbalcarrière was ik met drie vrienden al bezig met een eigen bedrijf. We flipten huizen. Het renoveren van huizen, zeg maar. Dat was echt leuk en daar zag ik mijn toekomst in."
Alex Pastoor as trainer fan Almere City, mei efter him keeperstrainer Etemadi
© ANP
Mei trochdat it ferkeapjen fan huzen dreger waard, mar foaral troch Alex Pastoor, keas hy dochs foar it trainersfak.
"Hij was een soort vader voor me. Hij was op zoek naar een keeperstrainer toen ik zelf nog tweede keeper was. Ik was een soort verlengstuk van de trainer. Hij had veel vertrouwen in me. Daar heeft hij me in geholpen en daar ben ik hem wel heel erg dankbaar voor."

Werom nei hûs?

Nei twa seizoenen as keeperstrainer yn Almere naam syn âlde klup kontakt op. Fyftjin jier letter is Etemadi ynienen werom yn Fryslân.
"Ik versta het Fries nog steeds goed en kan het ook wel een beetje spreken."
Syn heit en mem wenje yntusken yn Almere en syn broer, ek âld-fuotballer, is yntusken advokaat en wennet yn Weesp.
Ald-fuotballer Reza Ghoochannehjad is syn neef. Etemadi hat noch altyd in soad kontakt mei him, mar ek hy wennet net mear yn Fryslân.
"Nee, ik kwam hier ook echt nooit meer. Nu wel, ik krijg daar echt een fijn gevoel bij. De supporters zijn nog steeds hetzelfde: warm. En als ik hier door de stad loop, dan krijg ik heel veel warme herinneringen. Op elke hoek heb ik nog wel een goede herinnering."
Agil Etemadi mei Andries Noppert
© Orange Pictures
Etemadi kaam dit seizoen werom nei Hearrenfean as keeperstrainer. Dêr hie hy yn earste ynstânzje te krijen mei Andries Noppert, Bernt Klaverboer en Jan Bekkema.
"Mijn eerste taak was om rust in de keepersgroep te brengen. Ik denk dat dat aardig gelukt is. Ik denk dat ik wel een band heb met die jongens. Ze trainen allemaal goed en hard. Ik moet zeggen dat ik daar trots op ben."
Mei op advys fan Etemadi kaam ek Nordin Bakker oer fan Almere City nei Hearrenfean.
"Ik vond het heel belangrijk dat er iemand bij kwam die er goed bij past."

Noppert of Klaverboer?

Doe moast der in kar makke wurde. Earst waard Noppert de earste keeper, letter waard dat Klaverboer.
"Het is lastig voor Andries en voor mij is het dan taak om hem daarin te ondersteunen. Andries heeft mij op alle vlakken positief verrast."
"Ik vind het zo mooi hoe hij zijn rol oppakt. Hoe hij andere jongens positief ondersteunt. Ik denk dat mensen dat echt onderschatten. Hij brengt zoveel plezier in de groep. Dat is wel bijzonder. Hij is echt een bijzondere jongen."
En hy giet dêr noch fierder yn. "Ik denk dat Heerenveen echt trots op hem mag zijn. Hij heeft een klein hartje, maar al die kritiek die hij heeft gekregen, ging hem niet in de koude kleren zitten."
"Hij is echt een lieve jongen. Dat merk je ook richting Bernt. Hoe hij hem helpt, ook tijdens wedstrijden. Dat is echt mooi om mee te maken."
Klaverboer en Etemadi by PSV-Hearrenfean foar de beker
© ANP
No is Klaverboer de earste keeper.
"Hij is een van de grootste talenten in zijn leeftijdscategorie. In Nederland zeker, maar ik zie ook niet snel een keeper van zijn leeftijd in de hoogste competities van Europa die speelt."
Klaverboer is noch mar 20 jier. "Het is een spoedcursus voor hem. Voor zo'n jonge jongen die nu al zoveel speelt, is dat best lastig. Hij maakt echt goede stappen, maar we zijn er nog lang niet."

Supertalint Klaverboer

It talint fan Klaverboer is grut. Dochs hat hy wol syn mindere mominten hân dit seizoen.
"Je moet als keeper vaak in een split second keuzes maken. Dat heeft hij op dit niveau nog niet vaak meegemaakt. Daar moet hij aan wennen. Maar je ziet ook dat het steeds beter gaat."
"Hij is atletisch, hij leest het spel, hij is goed met ballen van de zijkant en hij is een heel goede meevoetballende keeper."
"Wij willen graag van achteruit voetballen. Wij verwachten dat hij dat ook doet. Maar hij moet ook herkennen dat als dat niet kan, dat hij dan een lange bal geeft. En dat gaat steeds beter."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.