Omrop Fryslân

Hearrenfeanmanager Johan Hansma oer Noppert: "Je moet je carrière niet zo af willen sluiten"

Johan Hansma, technysk manager fan sc Hearrenfean
© Omrop Fryslân
Andries Noppert bliuwt ek nei dizze transferperioade spiler fan sc Hearrenfean. Technysk manager Johan Hansma hopet op in oplossing foar de djoere tredde keeper.
It is al skoften in tsjinstelling by sc Hearrenfean: de 31-jierrige Andries Noppert is troch ôffallende optredens tredde keeper wurden. Dat wylst hy it heechste salaris fan alle spilers krijt.
"Als ik hem een advies zou moeten geven", seit Hansma yn de Sportcast fan Omrop Fryslân, "dan is het dat hij niet zijn carrière zo af moet willen sluiten."

Ympasse

Nei alle gedachten bliuwt Noppert op de bank en sil er net in soad mear spylje. De doelman hat noch wol in kontrakt oant de simmer fan 2027.
"Het is voor mij pas relevant op het moment dat Andries zelf besluit ergens heen te willen. Dat ligt niet bij ons."
Ferline simmer wie der konkrete ynteresse foar de Jouster, mar in transfer nei it Turkske Antalyaspor gie net troch.
"Dat was toen grotendeels in kannen en kruiken", seit Hansma. "We hebben het hele weekend met hem gezeten en 's avonds belde hij op dat hij niet wilde. Uiteindelijk beslist-ie om zelf niet te gaan."
"It probleem is dat hy in lean hat dat je nergens oars rap fine kinne", seit klupwatcher Roelof de Vries. "Plus dat hy hjir mei frou en bern yn de buert wennet. Se sitte yn in soarte fan ympasse."

Sportcast harkje of sjen

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Willem Vermeltfoort prate dy alle moandeis ûnder lieding fan presintator Arjen de Boer by oer it fuotbalnijs yn de Sportcast. Faak mei in nijsgjirrige gast.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen
By SC Cambuur is dizze transferperioade it nedige feroare. Twa spilers (Ethan Apkakou en Fabian Kvam) binne nei Ljouwert helle.
Dêrtsjinoer stiet it fuortgean fan Yoram van der Veen (RKC). Jochem Nap naam it beslút gjin kontrakt te tekenjen by Cambuur. Hy wachtet noch op in nije klup.

Hoe komt it mei Baouf?

Ferdigener Ismaël Baouf stiet al skoften yn de belangstelling. Dochs liket hy it seizoen by Cambuur ôf te meitsjen.
"Wij hebben vanaf het begin aangegeven dat we alleen met een transfer mee wilden werken als we hem eerst nog konden blijven huren", seit technysk manager Lars Lambooij.
Ferskate klups woene dêr net oan meiwurkje en dus bliuwt de Marokkaanske Belch oant de simmer aktyf yn it shirt fan Cambuur.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.