It ferstjerren fan syn mem feroare keeper Bernt Klaverboer: "It kwartsje is dêrnei wol fallen"
Bernt Klaverboer, en dus net Andries Noppert, stiet takom wike ûnder de latte by sportklup Hearrenfean yn De Kuip foar it duel tsjin Feyenoord. Mar wa is de 19-jierrige doelman út Ketlik?
Hy groeide dus op ûnder de reek fan It Hearrenfean. Yn it doarp, mei krekt wat mear as 600 ynwenners, hat Klaverboer de leafde foar de bal al gau te pakken.
"By UDIROS stie hy as jonkje by de training fan it earste de ballen werom te traapjen," seit Emiel Kramer. Hy wie doetiids trainer fan UDIROS yn Nijhoarne. Letter hie hy Klaverboer ûnder him as assistint-trainer fan de ûnder 17 fan sc Hearrenfean.
Drama
Kramer makket de jonge doelman mei yn de ferfelendste perioade fan syn libben. De mem fan Klaverboer komt te ferstjerren.
"Hy kaam doe by my. We ha faak traind. Hiel faak."
Ferstjerren fan syn mem wie in omslachpunt
De trainer fan de ûnder 17 yn dy tiid, Wilco Hellinga, wit dat ek noch goed. "Hy hat hiel wat meimakke. Der wie in Bernt foar it ferstjerren fan syn mem en in Bernt dêrnei."
"Ik fûn him doe wat in losbandige jongen. Hy seach gjin gefaar. Dat past ek wol by in keeper. Keeper wêze freget dissipline en ekstra trainingen. It kwartsje is nei de dea fan syn mem pas echt fallen."
In oare trainer fan Klaverboer by sc Hearrenfean is Wim Reckers. De ôfrûne jierren hie hy keepers as Andries Noppert, Pieter Bos (letter Cambuur) en Jan de Boer (no profkeeper yn Noarwegen) ûnder him. Dêrfoar wurke hy mei Jelle ten Rouwelaar by FC Emmen.
Reckers kaam mei Klaverboer te wurkjen by de ûnder 11 en gunt it him bot.
"Voor hem vind ik dit echt heel mooi. Als iemand het verdient, dan is hij het wel. Daar hebben we allemaal aan bijgedragen, maar hij heeft het vooral aan zichzelf te danken."
"Hij heeft vanaf het eerste moment iets laten zien. En hij heeft iets bij ons naar boven gebracht. Dat we dachten: hey dit is een bijzondere jongen."
2.000 oeren op it trainingsfjild
Neffens Reckers hat hy hiel wat oeren mei Klaverboer op it trainingsfjild trochbrocht. "Ik denk we 40 weken per jaar bijna elke dag bezig waren. Ik denk dat we samen wel meer dan 2.000 uur aan het trainen zijn geweest."
Ek Emiel Kramer, yntusken trainer by de jeugd fan VVV-Venlo, seach it trainingsbeest yn Klaverboer.
"We trainden faak op woansdeitemiddei en sneintemoarns op syn fersyk ekstra. Technyktraining bygelyks, om syn linkerfoet better te meitsjen. Elkenien ropt wol dat er proffuotballer wurde wol, mar hy gong der echt foar."
"Hij heeft voetbal gebruikt om zijn sores een plek te geven."
Kramer helle Klaverboer dan faak op yn Ketlik om nei de training te gean. "Dan draaiden we muzyk fan Johnny Cash en Elvis Presley. Dat fûn er moai."
Alle trije âld-trainers fan Klaverboer kinne har fine yn de kar fan Robin Veldman om de jonge doelman no op de goal te setten. "Al ben ik wel een beetje bevooroordeeld," moat Reckers tajaan.
"Maar als je kijkt naar wat hij kan, dan is zijn basisniveau zo hoog. Natuurlijk heeft hij nog niet de ervaring van het spelen in De Kuip. Maar hij heeft alle handelingen als keeper zo vaak gedaan, dat is genoeg ervaring."
Wat makket Klaverboer sa goed?
Neffens Kramer hat Klaverboer alles wat in goede keeper nedich hat. "Dat koest yn de jeugd al sjen. Bernt kin goed fuotbalje, hy hat lingte en hy is in atleet."
"Van dichtbij is hij nauwelijks te passeren, hij is comfortabel aan de bal en hij is goed in keuzes maken," wit Reckers. "Hij scant constant het veld, weet wat er gebeurt en maakt dan zijn keuzes."
"It is in moaie keardel. Hy hat in flink postuer krigen en hy hat him stadichoan trochûntwikkele," jout Hellinga oan. "Doe't er as lyts jonkje by de klup kaam tocht ik net fuort: dit wurdt de earste keeper fan Hearrenfean. Mar hy hat der hurd foar wurke."
Debút foar 50.000 man
Sneontejûn om 21.00 oere makket Klaverboer syn debút yn de earedivyzje. Dat docht er dan tsjin de trainer dy't him debutearre liet yn it betelle fuotbal: Robin van Persie. Yn it bekerduel tsjin ASWH krige Klaverboer ferline jier nei in oere spyljen in reade kaart.
Ek spile hy noch de lêste sân minuten mei yn de heale finales fan de play-offs tsjin AZ, as ferfanger fan Mickey van der Hart.
Neffens Reckers is Klaverboer der wol klear foar.
"Hij heeft een vastberadenheid overgehouden aan het overlijden van zijn moeder, die heel mooi is. Stoïcijns en onverstoorbaar. Daar heeft hij echt iets uitgehaald, wat hem absoluut geholpen heeft. Hij heeft voetbal gebruikt om zijn sores een plek te geven."