Werom op it âlde nêst: Agil Etemadi nije keeperstrainer sc Hearrenfean
Agil Etemadi is de nije keeperstrainer fan sc Hearrenfean. Hy makket de oerstap fan Almere City nei Fryslân en tekenet in kontrakt foar twa seizoenen.
Etemadi komt út de jeugdoplieding fan sc Hearrenfean, mar hat nea syn debút makke yn it earste alvetal.
De doelman fan Iraanske komôf spile yn de rest fan syn karriêre ûnder oaren foar FC Emmen, SC Veendam, FC Grins, De Graafschap en Almere City.
Yn 2023 hat hy syn aktive karriêre beëinige en koe hy by Almere City oan 'e slach as keeperstrainer. Johan Hansma wie dêr doe technysk manager en hellet him no werom nei Fryslân.
"Heerenveen is natuurlijk een grote club. Ik ben daar opgegroeid en spreek ook Fries. Dus één plus één is voor mij zeker twee", seit Etemadi tsjinoer Omroep Flevoland.
Rebûlje by de keepers
Oan it begjin fan dit seizoen wie Harmen Kuperus noch de keeperstrainer by Hearrenfean, mar fanwegen in ferskil fan ynsjoch mei doetiidsk haadtrainer Robin van Persie is Kuperus opstapt.
Syn opfolger wie Frans Hoek. Mar doe't Van Persie de oerstap makke nei Feyenoord, hat ek Hoek Hearrenfean ferlitten.
Fjirde doelman Jan Bekkema hat it seizoen ôfmakke as ynterim-keeperstrainer, mar Bekkema hat net de goeie papieren om dy funksje te ferfoljen.
Mei de komst fan Etemadi is de fakante posysje fan keeperstrainer wer ynfolle.