Omrop Fryslân

Skûtsje 'de Swanneblom' komt wer thús yn Drachten

Skûtsje de Swanneblom
© Eigen foto
It is eins te gek dat op de twa Drachtster skûtsjes - Drachten en d'Heale Moanne - allegear minsken sile dy't net út Drachten komme, wie de gedachte fan Riemer de Graaf. Mei dat yn 'e achterholle waard in pear jier lyn 'de Doeke van Martena' oanskaft.
In lyts skûtsje dat ôfrûne seizoen meidie yn de lytse A-klasse fan de IFKS. Dat einige net sa geweldich: de Doeke van Martena hold allinne de Nooit Volmaakt achter him en waard ien nei lêste.

De Swanneblom

De bemanning wie wol tige entûsjast en woe mear. Omdat de Doeke van Martena mei syn 15 meter ien fan de allerlytste skûtsjes fan de float is, waard ûndersocht oft in ferlinging miskien mooglik wie.
Dêroer waard kontakt socht mei skipsbouwer Jelle Talsma, dy't ek de eigener is fan 'de Swanneblom' en dêr al twa kear kampioen mei waard.
It nije seilteken fan de Swanneblom, mei de D fan Drachten deryn ferwurke
© De Swanneblom
In petear oer de kosten fan in ferlinging folge en dat foel de Drachtsters noch net ta.
"In pear wike letter waarden we belle troch Jelle Talsma. Hy hie ris neitocht. Omdat er sels ophâlde woe as skipper en gjin opfolging hie, wie er ta de konklúzje kommen dat er de Swanneblom wol oan ús ferkeapje woe", fertelt Riemer de Graaf.
Prachtich fansels, mar in skûtsje oankeapje is in kostbere saak. Se makken de ôfspraak dat de Drachtsters trije moanne de tiid krigen om it jild byinoar te fandeljen.

Jild by-inoar

Der folge in tocht by sponsors en ûndernimmers del en dat die fertuten.
"Ien ûndernimmer hie der wol nocht oan en sei dat er de Swanneblom wol keapje woe. Hy kocht it en hat it yn brûklien oan ús jûn sadat wy der op sile kinne."
Skûtsje 'De Swanneblom'
© Skydrone Sloten
De ploech sil dus it kampioenskip fan 2026 mei in kampioenskûtsje sile. Dat wol noch net sizze dat der daliks om it heechste plak striden wurde kin, want ek de skipper en bemanning hawwe grutte ynfloed op it resultaat.

'Ploech yntakt hâlde'

"Wy ha besletten om de ploech earst yntakt te hâlden, mei skipper Siard Boerstra. Mar it soe wêze kinne dat we derachter komme dat der noch fersterking nedich is", seit Riemer de Graaf dêroer. Hy sil sels as adviseur mei op de Swanneblom.
De namme 'de Swanneblom' bliuwt bestean. Der is wol in nij seilteken makke, dêr't njonken in swan en in blom ek de D fan Drachten yn ferwurke is.
Sneon 7 maart wurdt de Swanneblom yn Drachten ferwachte, it plak dêr't it skûtsje yn 1913 fan de werf rôle. No, 113 jier letter, is it dêrmei wer werom op it plak dêr't it begûn.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.