Omrop Fryslân

Unike situaasje yn skûtsjewrâld mei Ut en Thús: "Tryst, mar ûnûntkomber beslút"

Jaap Jelle Feenstra
© Omrop Fryslân
"In tryst, mar ûnûntkomber beslút", sa neamt foarsitter Jaap Jelle Feenstra de útsluting fan it skûtsje Ut en Thús fan de IFKS. It Jirnsumer skûtsje is net neffens de regleminten ferboud.
"Je meie ferbouwe, reparearje, mar je moatte foldwaan oan de regels", seit Feenstra. Dêrmei bedoelt er dat it skûtsje de foarm en linen hâlde moat sa't dy histoarysk en troch de skippers bepaald binne.
Neffens it rapport fan de kommisje fan Technyske Saken fan de IFKS is dat net bard. It skip hat noch de 'âlde kop' en de 'âlde kont', mar in nij middenskip. Dus koe it bestjoer net oars as it skip net mear talitte ta de wedstriden.

Ut en Thús

It skûtsje waard yn 1910 boud op in werf yn Frjentsjer, doe hjitte it noch "Twee Gebroeders". It waard brûkt as rekreaasjeskip.
Fia Earnewâld en Zaandam kaam it skûtsje yn 1993 yn de IFKS terjochte. Begjin dizze iuw waard de namme feroare, yn Ut en Thús.
De hjoeddeistige skipper Luuc Elzinga fart sûnt 2023 mei de Ut en Thús yn de IFKS.
"Ik fyn dat hiel tryst want Luuc is in hiel kundich en sympatike skipper, dy sit der no mei. Ik fyn it ek ferfelend foar de float want in hiel moai klassyk wedstriidskûtsje is demontearre, en in skûtsje is rekonstruearre dat net goedkard is."
"Wy binne eins by-elkoar om moaie wedstriden te hâlden mei klassike skûtsjes, mar no ha wy dizze diskusje", seit Feenstra deroer.

Net in goed plan ynlevere

Neffens de IFKS hat de skipper wol oanjûn dat er seis wurksumheden útfiere woe, mar gjin beskriuwing dêrby ynlevere. Dat is dus ek net goedkard yn it foar.
Ut en Thús
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Feenstra sit al jierren yn de skûtsjewrâld en is no trije jier foarsitter fan de IFKS. Hy hat soks noch nea meimakke.
"Dit is in unike situaasje, en ik hoopje dat it by dizze situaasje bliuwt, want hjir wurdt net ien bliid fan. Ik hoopje ek dat we der allegear fan leare. Dat wy de foarm en it linenspul oerein hâlde."

Rapper?

Wêrom't de skipper de ferbouwing útfiere litten hat bliuwt noch ûndúdlik, mar der is in kâns dat er it skûtsje rapper besocht te meitsjen. "Ik tink dat de skipper grif syn motiven hat en net wurket oan in skûtsje dat minder útkomt", seit Feenstra.
"Dat is ek ûnderdiel fan de wedstriden. Krekt as by it reedriden: je kinne in glêder pak oandwaan en hoopje dat je dêrmei hurder geane. It iennige wêr't wy as bestjoer nei sjogge is: hâlde je je oan de regels? En wy moatte konstatearje: it is net goed gien."

Luuc Elzinga

Skipper Luuc Elzinga hat oant no ta noch net reagearre op it beslút fan de IFKS om syn skûtsje út te sluten. Earder sei hy noch dat "de beschuldigingen feitelijk onjuist zijn".

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.