Omrop Fryslân

Rebûlje yn IFKS om Jirnsumer skûtsje: "Onacceptabel en een schoffering"

Skûtsje Ut en Thús yn it kampioenskip fan 2025
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Rebûlje yn de IFKS. Skipper Luuc Elzinga fan it skûtsje Ut en Thús wurdt derfan beskuldige dat hy in folslein nij skûtsje bout. En dat mei net.
In pear dagen lyn is der in brief stjoerd nei it bestjoer fan de IFKS. Dêryn roppe 'zich uiterst betrokken voelende leden' it bestjoer op ta aksje. Under de brief steane 38 hantekens.

Wat is der oan de hân?

Yn de brief oan it bestjoer wurdt sein dat 'gebleken is dat van het skûtsje Ut en Thús kop en kont vlak achter de bolders zijn afgesneden in Irnsum'.

Ut en Thús

It is it earste skûtsje út Jirnsum dat meidocht oan de IFKS. Sûnt 2023 is Luuc Elzinga skipper. Yn dat jier waard hy kampioen yn de C-klasse.
De Ut en Thús waard yn 2025 twadde yn de B-klasse. Dêrom mei it skip yn 2026 útkomme yn de grutte A.
Der soe in folslein nij skûtsje ûntwurpen wêze. Fan dit ûntwerp is 'een snijpakket gemaakt dat in elkaar gezet is tot een nieuw skûtsje', sizze de briefskriuwers.
Dêrnei soene de âlde kop en kont wer op dat nije skûtsje set wurde. Yn de brief wurde ek de bedriuwen neamd dêr't de wurksumheden útfierd binne.
Historie, regels, IFKS-belang en al haar leden worden hier met voeten getreden.
Anonime brief oan it IFKS-bestjoer
De anonime leden dy't achter de brief sitte, fine de gong fan saken 'compleet onacceptabel en een schoffering van onze mooie vereniging en alle mensen die met zoveel liefde en toewijding de skûtsjes in de vaart proberen te houden'.
Fierder falt te lêzen dat neffens de skriuwers hjirmei 'historie, regels, IFKS-belang en al haar leden hier met voeten worden getreden, winnen ten koste van alles is blijkbaar de drijfveer'.
Luuc Elzinga oan it helmhout
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It IFKS-bestjoer is sneintejûn by elkoar kaam. "Wy wolle graach witte wat der oan de hân is", seit foarsitter Jaap Jelle Feenstra dêroer.
"Do moatst fansels in skip ûnderhâlde. De skipper hat ús ek meidield dat hy wat platen ferfange woe. Dat kin fansels. Mar it ûntwerp en it 'lijnenplan' meist net feroarje."

'Wurksumheden stillizze'

De IFKS hat dêrom in oprop dien oan de skipper om fuortendaliks op te hâlden mei it wurk oan it skûtsje.
IFKS-foarsitter Jaap Jelle Feenstra
© Omrop Fryslân
Woansdei fynt op lokaasje in ynspeksje plak troch de Commissie Technische Zaken fan de IFKS. Op basis fan dizze ynspeksje beslút it bestjoer oer mooglike ferfolchstappen.
Wat dy ferfolchstappen binne, wol Feenstra net sizze. "Earst it rapport mar ôfwachtsje. Mar as der wat oan de hân is, is dat net sûnder gefolgen. Dan hast skea makke oan in stik erfgoed. Dat kin net."

Skipper neamt beskuldigingen "feitelijk onjuist"

Skipper Luuc Elzinga fan de Ut en Thús wol earst de keuring fan woansdei ôfwachtsje foardat er in reaksje jout.
Wol jout hy oan dat "de beschuldigingen feitelijk onjuist zijn".

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.