Omrop Fryslân

Skûtsje Ut en Thús mei net mear meidwaan yn de IFKS

De Ut en Thús yn bettere tiden
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It skûtsje Ut en Thús mei net mear meifarre yn de IFKS. Dat hat it bestjoer fan de IFKS sneintejûn bekend makke. Ut in ynspeksje yn opdracht fan it bestjoer die bliken dat it skûtsje net neffens de regels ferboud is.
De CTZ (Commissie Technische Zaken) is ta de konklúzje kaam dat de Ut en Thús bestiet út "een oude kop en een oude kont met daar tussenin een nieuw middenschip."
Yn harren rapport is te lêzen dat "het oude middenschip incl. dek, den, spanten, roef, mastkoker, etc. was niet aanwezig en zou zijn vernietigd, een vergelijk maken tussen het nieuwe en het originele middenschip is daarmee niet meer mogelijk."

Rebûlje

Ferline wike ûntstie rebûlje binnen de IFKS. Yn in troch 38 leden ûndertekene brief waard skipper Luuc Elzinga fan it Jirnsumer skûtsje Ut en Thús derfan beskuldige dat hy in hast folslein nij skûtsje bouwe liet.
Luuc Elzinga oan it helmhout fan de Ut en Thús
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Hy soe 'kop en kont' fan it skip helle ha om dy wer oan in folslein nij middenskip fêst te plakken. Hoewol't Elzinga sei dat hy neat ferkeard dien hie, moast de CTZ yn opdracht fan it bestjoer fan de IFKS in ynspeksje útfiere.

Rapport

Ut it rapport fan de CTZ falt dus op te meitsjen dat it middenskip net orizjineel is. It nije stik soe neffens "een moderne, niet-traditionele methode" makke wêze en oan de orizjinele kop en kont fêst laske wêze.
Om't it âlde middenskip ferneatige is, is in fergelyk mei it orizjinele ûntwerp en it orizjinele lijnenplan net mear mooglik.
Foarsitter Jaap Jelle Feenstra fan de IFKS
© Omrop Fryslân
It bestjoer hat it rapport sneintejûn besprutsen. Dêrút is de konklúzje oernaam dat de Ut en Thús "onrechtmatig verbouwd is" en dêrmei net oan de regels foldocht.

Luuc Elzinga net útsletten

Neffens foarsitter Jaap Jelle Feenstra betsjut it net dat skipper Luuc Elzinga net mear meidwaan mei oan wedstriden yn de IFKS.
"It is it skûtsje dat net foldocht oan de rigels. De skipper kin mei in oar skûtsje dielnimme."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.