Rêders fan âld-skipper Floris Bottema ûnderskieden: "Ik dacht maar één ding: ik moet naar hem toe"
Hy wie yn syn 35 jier as skûtsjeskipper fan De Harmonie noch nea yn it wetter fallen. Floris Bottema (81) siet altyd achter it helmhout, útsein by in reünytocht ferline jier. It hie hast syn lêste west.
De Boalserter kin him dy sneontemoarn 12 oktober noch dúdlik foar de geast helje.
"Boem, dêr lei ik yn it wetter. Je falle en dan sjogge je dat skip fuortsile. En dat is in raar gesicht."
Bottema hold ferline jier op as skipper, doe't hy 80 waard. Syn âlde bemanning organisearre dêrom noch ien kear in fartocht.
Dat wie op 'e Hegemer Mar, dêr't dy dei ek de slotwedstriid fan de IFKS syld waard.
Op it wetter gie it mis. "Op ien of oare wize bin ik útgliden", fertelt Floris Bottema. "As je sels achter it helmhout sitte, bart dat net. Mar ik stie derneist."
Rêders fan Floris Bottema (81) ûnderskieden
Syn fal waard gelokkich opmurken. Bemanningslid Claartje Lunter fan Himmelum seach it en twivele net. Se luts de skuon út en sprong it wetter fan de Hegemer Mar yn.
"Ik moet naar hem toe"
"Het ging mis bij het overstag gaan", leit sy út. "Er was paniek, en ik dacht: hee, dat is Floris. Hij verdween al snel bij ons vandaan. Ik dacht maar één ding: ik moet naar hem toe."
It wetter wie al kâld yn oktober. En Bottema is neffens Lunter gjin bêste swimmer. "Op een gegeven moment ging hij kopje onder, maar hij kwam gelukkig weer boven."
Claartje Lunter koe de âld-skipper mar kwealik beethâlde. Har swimfest wurke net. Bottema wie út de tiid rekke en sa wyt as in lyk.
Harren rêding: it wedstriidboatsje fan de IFKS. Dy wie fanwegen de slotwedstriid yn 'e buert.
"Als ze daar toen niet hadden gelegen, dan was er verder niemand geweest. Die twee mannen hebben hem meteen op de boot getrokken en vervolgens is de EHBO-boot ingeschakeld."
Underskieding
As wurdearring foar harren moed en rappe hanneljen krigen Claartje Lunter, de twa frijwilligers fan de wedstriidboat en dy fan de EHBO-boat, freed in ûnderskieding op it gemeentehûs yn Snits.
Lunter krige dêr in Sulveren Pinning; de heechste ûnderskieding fan de Koninklijke Maatschappij tot Redding van Drenkelingen (KMRD).
"Op in gegeven stuit realisearje je dat je der troch harren noch binne", seit Floris Bottema.
"Dêrom moasten wy harren yn it sintsje sette. It is in bysûndere died. Claartje hat ek jierren lid fan myn bemanning west. En wy komme beiden fan Boalsert."
"Je denkt er niet over na"
Om Lunter sels hie sa'n ûnderskieding net hoechd.
"Ik voel me eigenlijk verschrikkelijk opgelaten. Natuurlijk is het niet normaal, maar het voelt wel als normaal. Je denkt er niet over na als je zoiets doet."
"Floris is een soort vaderfiguur voor me. We hebben zoveel meegemaakt tijdens het skûtsjesilen. Ik ben zo blij dat hij er nog is en dat ik hem niet hoef te missen."
Nei't de EHBO-boat it twatal nei de wâl brocht, stiene de ambulânsen al klear.
Floris Bottema moast nei de intensive care en der folge in refalidaasjeperioade fan twa moannen.
It ûngelok hat in protte ynfloed op him hân. "Lichaamlik bin ik wer yn oarder, mar geastlik noch net", seit hy.
"Tredde libben"
Neffens Bottema is it de twadde kear dat hy oan de dea ûntsnappe is.
"Doe't ik in jier as 40 wie, haw ik in slim ûngelok by de tunnel by Twellingea hân. Mei de auto sloech ik oer de kop en waard ik troch de foarrút nei bûten slingere. Ik waard wekker yn 'e sleat. Dit is dus myn tredde libben."
Hy wol elkenien oanriede om "altyd rêstich te bliuwen, dan komt it altyd goed".
Nei ôfrin fan it útrikken fan de ûnderskiedingen yn Snits gie Bottema mei de oanwêzigen nei it njonkenlizzende restaurant foar in lunch en in buorrel.
"Wy sille it efkes goed fiere."