Douwe Visser iepenhertich oer iepenhertoperaasje: "Ik wie absolút net fit"
Dat it skûtsje fan Grou dit seizoen foar it earst yn 15 jier net yn de top trije einige fan it einklassemint fan de SKS, kaam mei trochdat de skipper siik wie.
"Ik wie absolút net fit", seit skipper Douwe Visser yn de skûtsjepodcast Ooh wat in klapper fan Omrop Fryslân.
It is foar it earst dat hy dêr yn it iepenbier oer praat.
Visser wie der sa min oan ta, dat hy fiif wiken nei it SKS-kampioenskip in iepenhertoperaasje ûndergie.
"Dat wie moai op tiid", seit er. "It hie net bot oars moatten."
Ooh wat in klapper
Ien kear yn de moanne prate ferslachjouwers Arjen de Boer en Geartsje de Vries yn de podcast Ooh wat in klapper mei in skûtsjekenner.
Yn dizze ôflevering is dat skipper Douwe Visser fan Grou. Fan alle skippers dy't no noch sile, is Visser rekôrkampioen.
Acht kear wie hy mei Grou de bêste. Yn de folsleine skiednis fan de SKS binne der mar twa skippers dy't faker kampioen wiene: neef Douwe Visser fan Snits (9 kear) en absolút rekôrhâlder (11 kear) Ulbe Zwaga, dy't yn 1946 foar it earst kampioen waard.
De hertproblemen neamt Visser "in maklik ekskús" foar it missen fan it poadium. En "de oaren wiene ek goed", seit er.
"Hearrenfean hat it kampioenskip fertsjinne, dat wie hiel moai."
Mar dat syn sûnens fan ynfloed wiene op de prestaasjes fan Grou, is wol dúdlik. "Ik wie hartstikke wurch. En ik hie minder enerzjy as normaal."
It kampioenskip begûn goed foar Grou, seit Visser.
"De earste dei hiene we in minne start, mar we binne wol tredde wurden. Dat sylde hartstikke bêst. En de twadde wedstriid waarden we earste."
Dêrnei kaam der eins krekt wat te folle wyn foar it skûtsje fan Grou, seit Visser. "Wy hawwe 172 kante meter seil. Mei wynkrêft 3,5 is dat prachtich. Mar doe't it hurder waaide as wynkrêft fjouwer, wie ik 'm kwyt."
Je kinne wol acht kear kampioen west ha, mar je komme net samar op it poadium.
Visser bedoelt dat hy - mei syn bemanning - hurd wurkje moat om foar te kommen dat it skûtsje omslacht. "Wy moasten hieltyd de skoat fiere."
Dat wol sizze dat de druk fan de wyn yn it seil minder wurdt. It skûtsje komt dan wer oerein, mar de faasje giet der wol út.
"Dat hawwe wy wol hûndert kear dien, dit kampioenskip. Ik spruts letter mei de manlju fan It Hearrenfean, en dy hawwe miskien mar ien kear fierd."
Eins hie Visser yn 't foar in poadiumplak wol ferwachte. Dat it in fjirde plak waard, neamt er 'in teloarstelling'.
Hy hat it kampioenskip yntusken mei syn bemanning evaluearre. Rare wurden binne dêr net by fallen.
"Absolút net. Dit is ek it moaie fan it skûtsjesilen. Je kinne wol acht kear kampioen west ha, mar je komme net samar op it poadium."
Visser is sûnt 2005 skipper op it skûtsje fan Grou. Mar hy sylt al folle langer yn de SKS.
De earste kear dat hy in folsleine wedstriidrige mei wie, wie yn 1978, op de Sneker Pan mei skipper Jan van den Akker.
Doe wie Visser 15 jier âld, mar dêrfoar wie hy ek al by de SKS belutsen.
"Sa lang as ik wit, wiene wy der al by. Myn heit en mem wiene folchskip fan Snits. Dat skûtsjesilen is fierwei de belangrykste bysaak fan it libben."
It moaiste momint?
Ien momint springt der foar him út. En it is net de finale fan 2018, dêr't er wol as earste oan tinkt.
Dy gie de boeken yn as de spannendste ea.
Yn de lêste meters fan de lêste wedstriid fan it kampioenskip fersloech Grou doe It Hearrenfean, troch romte te meitsjen foar it skûtsje fan Drachten.
Sels ferliezend skipper Sytze Brouwer fan It Hearrenfean neamde dat de moaiste wedstriid dy't er ea slyld hie. Grou waard kampioen.
Visser tinkt oan in oare kear dat er kampioen waard. Yn 2005. It wie de earste kear dat hy as skipper kampioen waard.
It wie it lêste jier dat syn heit noch libbe. "Dy hat it meimakke. Ja. Dat is ek unyk."
Visser is yntusken de âldste skipper fan de float. Syn opfolger stiet al klear: soan Albert. Hy sylt likegoed as syn heit, seit Visser. "Miskien noch wol better. Dat sizze de kenners."
"Dat is ek logysk. Hy is yn de tritich. Ik bin yn de sechtich. Dan hâldt it hast op, no."
Mar eins wol Visser it helmhout net oerjaan foardat hy yn alle gefallen noch ien kear kampioen wurden is.
Dan stiet syn totaal op njoggen, likefolle as it totaal fan syn neef mei deselde namme, Douwe Visser fan Snits.
Visser bliuwt dus kompetityf. "Oars moatte je dit ek net dwaan!"