'Orizjinaliteit' is yn it skûtsjesilen in rekber begryp: "Measten hawwe hegere mêst en grutter seil"
Al jierren is der diskusje oer de orizjinaliteit fan skûtsjes. Sa waard koartlyn it skûtsje de Ut en Thús útsletten fan it IFKS-kampioenskip omdat it skip net neffens de regels ferboud is. Mar wat is dan in orizjineel skip?
Dy fraach is noch net hiel maklik te beäntwurdzjen, seit Age Veldboom, oprjochter fan it Skûtsjemuseum yn Earnewâld.
Yn it algemien kinst sizze dat skûtsjes mear as 100 jier lyn boud binne om fracht te farren. "Skûtsjes moasten foldwaan oan it Fryske farwetter: se mochten net te lang, oars pasten se net troch de slûs. Se moasten net te breed, oars koenen se net troch de smelle brechjes", leit Veldboom út.
"En de ûnderkant is hielendal in platboaiem, sadat hy yn hiel ûndjip wetter farre koe."
Fierder bestiet it túch fan in orizjineel skûtsje út ien fok en ien grutseil en in mêst dy't hiel maklik plat koe om ûnder lege brêgen troch te kinnen.
Klinkneil
Ek in typearjende eigenskip fan in orizjineel skûtsje is dat it skip mei klinkneilen oaninoar sit. "Dy klinkneilen waarden gleonhjit makke", fertelt Veldboom. "Dan waarden se troch ien persoan yn gatsjes slein en in oare moast it tsjinhâlde."
Hûndert jier lyn koenen se neffens Veldboom noch net laskje. Dat makket dizze wize mei klinkneilen sa orizjineel.
Mar kinst de term 'orizjineel' yn de skûtsjewrâld ek oars opfetsje. Skûtsjes kenne we tsjintwurdich net as frachtskippen, mar benammen as wedstriidskippen, yn de kampioenskippen fan de SKS en de IFKS.
En dy organisaasjes hawwe in spesjale orizjinaliteitskommisje dy't de regels bepaalt dêr't de skûtsjes oan foldwaan moatte. En wat dêr as orizjineel beskôge wurdt, is net perfoarst identyk oan hoe't it skip ea boud is.
Wat is in orizjineel skûtsje?
"De measte wedstriidskûtsjes hawwe in hegere mêst en in grutter seil", seit Veldboom. "Mar dat mei ek, want it hat in oare funksje krigen. Yn it ferline wie it seil ek fan katoen en no fan dacron."
Boppedat wurdt no in langere opstekker tastien en mei de mêst en de roef mear rjochting it midden fan it skip sitte as oarspronklik it gefal wie.
Wat der krekt mooglik is, wurdt fêstlein troch dy orizjinaliteitskommisjes. En dat is mar goed ek, fynt Veldboom. "We moatte sunich wêze op ús Frysk kultureel erfgoed. Dêrom is it goed dat de orizjinaliteitskommisje fan de SKS en de IFKS easken stelt."