Omrop Fryslân

Nije formule SKS moat foar in earlikere striid soargje

Skûtsjesilen
© Martin de Jong Fotografie
Op de algemiene ledegearkomste fan de SKS is ynstimd mei in nije formule. Mei dy nije formule komme de skûtsjes noch tichter by elkoar, sa is de ferwachting.
Net alle leden binne bliid mei de nije formule: fjouwer skippers en eigeners stimden tsjin. Dat wiene de skûtsjes fan Akkrum, Ljouwert, Wâldsein en Langwar.

Demokratysk

"By sa'n beslút moat twa tredde fan de leden foar wêze", leit foarsitter René Nagelhout út. "Dat wie it gefal en dus is dit demokratysk besletten."
Dat net elkenien bliid is mei de nije formule hat faak te krijen mei de gefolgen dy't it foar it eigen skûtsje hat. Sa jout skipper Klaas van der Meulen fan Wâldsein oan dat sy kante meters seil ynleverje moatte en boppedat gewicht yn it rom krije. Dêrtroch sil it skûtsje minder rap kinne as no.
"Dat fine wy fansels net sa aardich. Boppedat ha wy in soad ynvestearre de lêste tiid. Dat liket no weismiten jild", seit er dêr oer. "Wy lizze ús der by del, want sa wurket de demokrasy."
René Nagelhout (rjochts)
© Martin de Jong Fotografie
Yn 2020 wie krekt in nije formule oannommen. Doe is ôfpraat dat der nei fiif jier evaluearre wurde soe. "Mar wy hearden earder al lûden dat dy formule foar guon wol hiel ûngeunstich útpakt", seit René Nagelhout.
"En doe ha wy de leden foarlein om earder al te ûndersykjen oft der oanpassings dien wurde moatte en dêr ha doe alle leden mei ynstimd. Sadwaande binne wy al oardel jier dwaande mei in spesjale kommisje om te sjen wat der better kin."

Gatten yn 'e formule

Martijn van Schaik fan Hoek Design moat beskôge wurde as de grûnlizzer fan de nije formule, sa fertelt Nagelhout. Hy rekke op in gearkomste yn petear mei André Hoek "en dy skeat gatten yn de formule dy't wy hantearren. Sa ha wy kontakt krigen, fierder praat en úteinlik is dit der út rôle."
It skûtsje fan Earnewâld
© Martin de Jong Fotografie
Yn de nije formule wurdt mear rekken holden mei de wjerstân dy't in skûtsje hat as it troch it wetter giet.
"It is wol in hiel technysk ferhaal, mar it komt der op del dat wy foarhinne rekken holden mei in oantal saken, dêr in formule op loslieten en dan kamen we op it tal kante meters seil dat in skûtsje ha mocht. By de nije formule giet it net allinne mear om de kante meters seil. We foege dêr gewicht yn it rom oan ta."
Neffens Nagelhout krijt in skûtsje as de Súdwesthoeke no mear kânsen om boppeyn mei te dwaan. Omdat dat al in swier skûtsje fan himsels is, hoecht dêr net folle gewicht oan tafoege te wurden.

Oergongsperioade

In skûtsje krijt dêrom no ynstruksjes oer de kante meters túch en de kilo's gewicht.
"Dêrtroch kinne we ek foarkomme dat der skûtsjes oanpast wurde oan de formule. Dat hoecht net mear, want troch dy faktor gewicht ta te foegen kin it dêrmei oanpast wurde. Dan hoege der ek net fan dy gigantyske bedragen ynvestearre te wurden."
Skûtsjes dy't dat wolle kinne al fan kommende simmer ôf ûnder de nije formule sile. Skûtsjes dy't krekt ynvestearre ha yn in nij túch kinne earst noch ûnder de âlde formule trochgean.
"De kommende jierren wurdt in oergongsperioade. Pas yn 2028 moatte alle skûtsjes foldwaan oan de nije formule", leit Nagelhout út.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.