Hast trije moannen nei oanfarring kin Jappie Visser wer sile: "It giet tiptop!"
Goed twaenheale moanne nei de desastreuze SKS-wedstriid by Terherne sit Jappie Visser wer oan it helmhout. Hy is folslein opknapt fan de klap dy't er by Terherne oprûn.
"It giet tiptop", fertelt Visser fleurich. "Hartstikke bêst."
By de wedstriid op 30 july kamen meardere skûtsjes mei-inoar yn oanfarring. Twa skippers bedarren yn it sikehûs.
Ien fan harren wie Jappie Visser, de skipper fan Snits. Hy krige in klap fan it helmhout, mei fjouwer brutsen ribben en in soad pine as gefolch. Hy moast ferskate dagen yn it sikehûs bliuwe.
"Dêrnei ha ik fjouwer wiken thús west. Stadichoan bin ik foarsichtich wer oan it wurk gien", seit Visser, dy't ek skipper fan berop is.
"Wat pynstillers derby. Dat gie knap, al ha ik it wurk der ek wat op oanpast. Mar yntusken bin ik al in wike as fiif wer oan de gong."
Ik ha der yn elk gefal sin oan, en de ploech ek.
Kommend wykein sylt er foar it earst wer in wedstriid. Mei de Sneker Pan docht er mei oan de ôfsluting fan it seizoen: de Roekoepolle Race op de Snitser Mar en de Goaiïngarypster Puollen.
Dat is net allinnich foar Visser de earste silerij sûnt de SKS, ek de rest fan de bemanning hat yn de tuskentiid net syld.
"Ik ha gjin idee hoe't dat gean sil. Dêr moatte we dit wykein achterkomme. Mar it is wol wat apart om te begjinnen, hear. We sille it belibje. Ik ha der yn elk gefal sin oan, en de ploech ek."
Yntusken hat der in evaluaasje west fan dy oanfarring by Terherne, mei skippers en wedstriidkommisjes. Net alle skippers wiene by dy evaluaasje, ta teloarstelling fan Sytze Brouwer, de skipper fan it kampioensskûtsje fan Hearrenfean.
"Der wiene mar seis, eins is dat kompleet weardeleas", sei Brouwer yn de skûtsjepodcast Ooh wat in klapper fan Omrop Fryslân. "As je sa'n wedstriidrige evaluearje wolle, dan moatte je mei syn allen der wêze."
De skippers tinke no nei oer it oanpassen fan de wedstriidregels. Dy binne by de SKS oars as by alle oare sylwedstriden.
Visser tinkt dat dat goed wêze soe.
"Je moatte altyd sjen nei hoe't it feiliger kin. As je stilsteane, geane je ek noait foarút. Hoe't it dan krekt moatte soe, wit ik ek net. Je moatte ek nei jesels sjen: wat kinne je sels dwaan om soks foar te kommen?"
Lekker sile! Dat is it belangryskte.
De oanfarring by Terherne hie dus ek foar te kommen west, neffens Visser. "Dat is altyd sa. Mar somtiden bedarje je yn in situaasje dat it oersicht fuort is."
Net unyk dus, allinnich de gefolgen wienen no in stik grutter. "Ja, no kamen twa minsken yn it sikehûs. Dat is spitich. In oanfarring ha je wol faker, mar troch hoe't it no gie, komt it wat ekstra foar it ljocht."
Hoe't it ek komt, dit wykein sit Jappie Visser wer foar it earst sûnt dy wedstriid by Terherne oan it helmhout. En it giet him net om 'e winst: "Sa't wy it faak sizze: lekker sile! Dat is it belangrykste."