Oekraïners sykje nei in takomst yn Fryslân: "Jou ús in kâns"
Wat foar Oekraïners begûn as tydlike opfang by minsken thús of yn hotels, is fjouwer jier nei it útbrekken fan de oarloch de hurde realiteit. Mar dêr't wenromte begjint te knipen en de kosten foar opfang oprinne, is it de fraach: hoe lang is der noch plak foar harren?
Foar Eliss Tishchenko en har skoansus Lina Bozhko is der gjin werom: alles wat se hiene yn Oekraïne is stikken. Yn de earste dagen nei de oarloch binne se mei it soantsje fan Lina it lân útflechte.
Nei in drege reis kamen se yn Fryslân telâne. Yn de ôfrûne fjouwer jier hawwe se in soad help krigen fan minsken en ynstânsjes. Beide froulju binne dêr hiel tankber foar. Mar ek mei dy help bliuwt it dreech om in nij libben op te bouwen.
"Ik libje as bin ik yn 'e romte, gewichtleas, omdat ik net wit wêr't ik hinne kin", seit Lina. Sy wennet mei har soantsje fan njoggen yn in opfanglokaasje yn Burgum en docht frijwilligerswurk yn in kringloopwinkel.
Lina wie psycholooch yn Oekraïne, mar kin hjir gjin passend wurk fine."Se sizze: jo hawwe in oplieding, jo hawwe ûnderfining. Mar jo moatte in auto hawwe", leit Lina út. It is in sirkel dêr't se mar net útkomt.
"Ik moat earst in baan hawwe om jild te fertsjinjen foar in rydbewiis."
Eliss begon al nei twa moannen yn Nederlân mei wurkjen yn de hoareka. Yntusken wurket se yn in hotel yn Ljouwert en jûns yn in restaurant yn Bûtenpost. Se hat in eigen appartemintsje fûn yn Ljouwert en makket lange dagen om finansjeel selsstannich te wêzen.
"It is wichtich dat ik alles sels betelje en dat makket my selsfersekere dat ik op itselde nivo sit as in Nederlanner", seit Ellis. Se wol net dat de oerheid foar har betellet.
In miks fan Frysk en Nederlânsk
Mar wa't de Nederlânske taal net goed praat, stiet al gau achter. Neffens Lina ferwachtsje minsken dat se no nei fjouwer jier de taal wol kin.
Oekraïners besykje in libben op te bouwen
Lina: "Mar minsken prate hjir in miks fan Nederlânsk en Frysk. En it is hiel dreech om te begripen." It is njonken de soarch foar har soantsje hast net te dwaan. Se besiket it sels mei wat boeken en kursussen op ynternet. Se fynt it spitich dat der op de opfang gjin goeie lessen binne.
"Der binne hjir in pear frijwilligers, mar dat binne gjin learkrêften. Der is gjin dúdlik programma wêrmei'tst leare kinst."
It Nederlânsk is ek foar Eliss in útdaging, al giet dat hieltyd better. "Ik lear en oefenje alle dagen mei minsken yn supermerken, op myn wurk en by myn oare baan", seit se. "Fansels moat ik der noch altyd oan wurkje."
Fan tydlik nei takomst
Eliss soe graach ien baan ha wolle dêr't se mear yn trochgroeie kin. "Ik wol wat mear stabiliteit ha foar myn takomst, alteast as ik hjir yn Nederlân bliuwe mei."
Wy kinne hiel nuttich wêze foar dit lân.
Oekraïners hawwe no tydlike beskerming, mar takom jier kinne se mooglik in ferbliuwsstatus foar trije jier krije. Mei in status kin Eliss studearje, dat wie oant no ta eins net mooglik.
As net-EU-boarger moast se sawat achttûzen euro mear kolleezjejild betelje. Mei de nije regeling yn 2027 kin se foar it reguliere wetlike taryf studearje.
De status betsjut dat Oekraïners rjocht ha op in wenning en gebrûk meitsje kinne fan sosjale foarsjennings. De oerheid seit dat se yn dy trije jier ek sjogge oft Oekraïners weromgean kinne as dat wer feilich en mooglik is. En dat makket Lina ûngerêst.
"Foar ús liket it der foarearst op dat it regear besletten hat om ús binnen dizze trije jier werom te stjoeren", seit se. Neffens Lina sitte Oekraïners yn Nederlân mei in soad stress en bliuwt dat de kommende jierren noch sa.
"Ik ha leaver in dúdlik antwurd: kin ik hjir bliuwe, ja of nee".
"Jou ús in kâns"
Eliss hat de dream om nei in stúdzje har eigen hotel of restaurant yn Fryslân te ha. Lina sjocht de takomst fan har en har soantsje ek hjir. Se hopet op de kâns om sjen te litten dat de Oekraïners net sa oars binne as de Nederlanners.
"En dat wy hiel nuttich wêze kinne foar dit lân. Jou ús in kâns."