Omrop Fryslân

Opfang Oekraïners yn Fryslân rint fêst: gemeenten regelje amper nije plakken

De needopfang op It Hearrenfean is fol
© Omrop Fryslân
Noch alle dagen komme der yn trochsneed 25 minsken út Oekraïne nei Fryslân ta. Mar de needopfang yn Fryslân sit sa goed as fol.
De meiwurkers fan de saneamde hub dêr't minsken harren registrearje as flechtling moatte geregeld nee ferkeapje. Trochstream nei de reguliere needopfang is nammentlik dreech.
Yn de hub yn it Hajé-hotel op It Hearrenfean is romte foar 75 minsken. Neidat se registreare binne, kinne se hjir maksimaal trije dagen ferbliuwe.

"Doorstroom mondjesmaat"

Hoefolle oanfragen der alle dagen binnenkomme, hinget ôf fan de situaasje yn Oekraïne: soms binne it der tsien, oare dagen komme de wol fjirtich oanfragen binnen.
Nei dy trije dagen moatte de minsken troch nei in reguliere opfanglokaasje yn de provinsje. Krekt dêr sit it probleem. "De doorstroom is echt mondjesmaat", seit boargemaster Avine Fokkens fan de gemeente Heerenveen.
Fokkens is foarsitter fan de Vereniging van Friese Gemeenten (VFG) en hat dêrtroch goed sicht op de situaasje yn de provinsje. Har gemeente spilet dêrneist in sintrale rol, om't alle Oekraïners harren dêr earst registrearje moatte.

Utwreiding mar yn in pear gemeenten

Ut in rûngong by Fryske gemeenten del docht bliken dat trije gemeenten plannen hawwe foar útwreiding.
Gemeente Dantumadiel wol santich ekstra plakken realisearje, De Fryske Marren tritich. Gemeente Noardeast-Fryslân hat plannen, mar neamt gjin konkreet oantal. Weststellingwerf iepene koartlyn noch in nije lokaasje.
We horen ook wel van gezinnen die dan in de auto slapen. Dat is natuurlijk heel schrijnend allemaal.
Avine Fokkens, boargemaster Hearrenfean
Yn hiel Fryslân binne no 4.971 opfangplakken foar Oekraïners beskikber. Plakken komme soms frij as minsken weromgeane nei harren heitelân of in eigen hierwente fine, mar dat tal is beheind.

Sliepe yn de auto

De meiwurkers yn It Hearrenfean moatte geregeld 'nee' ferkeapje. "Waar die mensen dan blijven? Om eerlijk te zijn, weten we dat niet precies. We horen ook wel van gezinnen die dan in de auto slapen. Dat is natuurlijk heel schrijnend allemaal", seit Fokkens.
De opfang yn it Haje-hotel op It Hearrenfean
© Omrop Fryslân
Susan Haanstra, projektlieder flechtlinge-opfang Oekraïne fan de gemeente Hearrenfean, seit dat der geregeld mails komme fan minsken dy't noch yn Oekraïne binne en freegje oft der plak is. "Dêr binne wy fanwegen de krapte hiel ôfhâldend yn."

Unwissens oer takomstige status

De grutste reden foar dy ôfhâldende opstelling fan gemeenten is de ûnwissens oer de takomstige status fan de Oekraïners. De Europeeske 'Richtlijn Tijdelijke Bescherming' hâldt yn maart 2027 op.
Neffens de hjoeddeiske plannen krije Oekraïners dêrnei in tydlike ferbliuwsstatus foar trije jier, mei deselde rjochten en plichten as Nederlanners.
Dat betsjut dat se rjocht krije op in útkearing en op húsfêsting, dy't gemeenten regelje moatte.

Nije húsfêsting yn Fryslân

Neffens nijsstjoerder RTL hat 12 prosint fan de gemeenten in opfanglokaasje dêr't it kontrakt dit jier fan ôfrint, wylst se noch gjin alternatyf hawwe.

Yn Fryslân binne Achtkarspelen en Súdwest-Fryslân dwaande om opfangplakken te ferfangen. Smellingerlân wol de besteande opfangplakken oanpasse sadat se langer brûkt wurde kinne.

Achtkarspelen hat koartby de opfang yn de tsjerke oan de van Harinxmastrjitte yn Koatstertille sletten fanwegen brânfeiligens. De bewenners binne earne oars ûnderbrocht.

De gemeente kocht earder ek twa hûzen yn Gerkeskleaster en Bûtenpost as opfanglokaasje.
"Je kunt je er ook wel iets bij voorstellen dat als je zelf al jaren bij pa en ma woont en niks kunt vinden, en er tegelijkertijd mensen zijn die wel geholpen worden", seit Fokkens.
De húsfêstingskrapte spilet ek mei yn it draachflak ûnder ynwenners. Fokkens: ''Er is al krapte en dan moet je nóg meer woningen vinden."
Opfang Oekraïners by de Wetterpolle yn Ljouwert
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De lanlike koepel Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG) luts earder al oan de bel: alle 97.000 gemeentlike opfangplakken yn Nederlân binne fersein.
Tagelyk is it noarmbedrach per Oekraïner ferlege en is der noch gjin dúdlikheid oer wat der mei de hjoeddeiske, troch it ryk betelle opfanglokaasjes bart nei 2027.
Haanstra hopet dat der oer in pear moanne mear dúdlikheid komt fan it Ryk

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.