Omrop Fryslân

300 Oekraynske flechtlingen by kanaal yn Frjentsjer: "We kinne earst foarút"

Boargemaster Marga Waanders
© Omroep Zilt, Lennard Geerts
De gemeente Waadhoeke wol hast 300 Oekraynske flechtlingen opfange rûn it Van Harinxmakanaal yn Frjentsjer. Oan beide siden fan it wetter moatte wenunits komme.
De gemeente fangt no al flechte Oekraïeners op yn Frjentsjer, Hjerbeam, Menaam, Minnertsgea en Seisbierrum.
Dêr wenje no sa'n 240 minsken, mar Waadhoeke moat ynkoarten yn totaal 479 plakken ha.

Sjaletten en tydlike wenningen

Dêrom wol de gemeente by de Frisiabrêge yn Frjentsjer nije húsfesting kreëarje. Oan de noardkant moatte 27 sjaletten komme, dêr't 108 minsken opfongen wurde kinne.
Oan de súdkant steane yn de plannen nochris 44 tydlike wenningen foar 188 minsken.
"Dy foldogge ek oan it boubeslút en kinne, as it ea nochris nedich is, ek op in oar plak brûkt wurde", fertelt boargemaster Marga Waanders. "Bygelyks troch starters."
Waadhoeke wol flechtelingen opfange rûn Van Harinxmakanaal yn Frjentsjer
It klearmeitsjen fan it terrein kostet in heal miljoen euro en foar saken as de riolering en ferljochting is nochris acht ton nedich.
De gemeenteried moat noch wol jild frijmeitsje foar de opfang, want it Ryk fergoedet dat pas efterôf. Bart dat yndied, dan kin de opfang yn jannewaris al iepen.
De fraach is oft we der foar de langere termyn binne, want we witte gewoan net hoelang de oarloch duorret.
Boargemaster Marga Waanders
Yn dat gefal hat de Waadhoeke tydlik mear plak beskikber as nedich is. "It foardiel is dat we foarearst efkes foarút kinne", seit Waanders.
"We ha yn de doarpen lytsere lokaasjes, dy moatte ek yn de kommende jierren wer frijfalle. De fraach is oft we der foar de langere termyn binne, want we witte gewoan net hoelang de oarloch duorret."
De gemeente organisearret moandei in ynformaasjejûn. Fan 19.00 oant 21.00 oere binne omwenners wolkom op it gemeentehûs.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.