Al 140 flechtlingen yn it WTC Expo yn Ljouwert, mar noch gjin plafonds

WTC Expo flechtelingen 9
In keamer yn it WTC © Omrop Fryslân
Der sitte op dit stuit al 140 flechtlingen yn de opfanglokaasje yn Ljouwert. De earste minsken binne moandei mei de bus fan it oanmeldsintrum yn Ter Apel nei it WTC Expo brocht.
Neffens it COA is de ferwachting dat it tal minsken de kommende dagen noch oprinne sil. Der is op syn meast plak foar 250 minsken yn it WTC. Dy meie tsien dagen sûnder registraasje yn de opfang bliuwe.
Yn ôfwachting fan it registraasjeproses meie se nochris tweintich dagen yn Ljouwert bliuwe. Der binne yn in grutte hal allegear keammerkes ynrjochte om de minsken in plak te bieden.
Noch gjin plafonds foar flechtlingen WTC
Neffens in wurdfierder fan it COA binne de earste ûnderfinings fan de flechtlingen mei de lokaasje posityf. "De vluchtelingen geven bijvoorbeeld aan erg blij te zijn met de aanwezigheid van een koelkast in de verblijven, en de nabijheid van de supermarkt."

Netten

Op dit stuit hingje der noch wol netten boppe de ferbliuwen fan de flechtlingen. Dêr is op it stuit nochal wat diskusje oer yn de Ljouwerter gemeentepolityk. De keammerkes yn it WTC Expo soene nammentlik plafonds krije.
WTC Expo flechtelingen 1
De opbou fan de keamers yn it WTC © Omrop Fryslân
Neffens it COA wurde de netten op koarte termyn ferfongen, nei alle gedachten troch in plafond fan gipsplaten. De ferwachting is dat it COA dêr tiisdei in beslút oer nimme sil.
It is net de earste kear dat der flechtlingen opfongen wurde yn it WTC Expo. Tusken oktober 2021 en novimber 2022 barde dat ek. Doe wie der plak foar seishûndert asylsikers.