Foar de fyftichste kear reizget in groep Friezen nei Oekraïne: "Pittige reizen"
Foar de fyftichste kear reizget in groep Friezen nei Oekraïne om de befolking dêr te helpen. Ien fan harren is de 65-jierrige Eelke Krol. It wurdt foar him de fiifde kear dat er de tocht ôflizze sil.
Nije wike is it presys fjouwer jier lyn dat de Russen Oekraïne oanfoelen. Dizze reis sil dêrtroch ekstra bysûnder wêze, seit Krol.
Oarloch hie hy nea meimakke. Wol hat er yn syn tsjinsttiid yn Dútslân sitten. "Wy binne opgroeid mei eangst foar de Russen. Se wiene altyd de fijân", fertelt er.
Fjouwer jier oarloch
Op 24 febrewaris is it eksakt fjouwer jier lyn dat de Russen Oekraïne ynfoelen. Dan sil der troch de helpferlieners net boud wurde.
Dy dei is der in spesjale betinking. Mear as 20 Nederlanners binne dêrby.
Doe't yn 2022 de Russen de earste raketten rjochting Kyiv ôfskeaten, fernaam Krol dat er yn aksje komme moast. "It is tichtby, ik wie der in soad mei dwaande."
Earst púnromje
Krol kaam yn novimber 2022 yn kontakt mei Gerben Huisman, de foarsitter fan stichting Hope4Ukraine. Huisman wie al in kear nei Oekraïne ôfreizge om de minsken dêr te helpen. Syn ferhaal ynspirearre Krol. "Ik tocht: dat kin ik ek."
Hy besleat him oan te melden foar in selde soart reis. Yn jannewaris 2023 lei Krol deselde reis ôf om de befolking dêr te helpen.
De earste kearen wie benammen púnromjen by bombardearre huzen. "Alles wie ferbaarnd", omskriuwt Krol de situaasje. Net wittende wêr't se begjinne moasten, begûn it púnromjen.
No sil Krol dus wer dy kant op. It is bysûnder, omdat op itselde plak takom wike in betinking is fan de fjouwer jier duorjende oarloch. "Ik fyn it wol spesjaal. It is fansels net wat om te fieren. It is oan beide kanten ferskriklik hoefolle deaden der falle."
Tegearre mei syn frou - dy't foar de twadde kear giet - stapt Krol freed yn de auto. Hy sil helpe te bouwen, sy makket in saneamde bemoedigingsreis. Se sil de minsken dêr mentaal stypje. "It binne pittige reizen. Wy binne echt mei de minsken dwaande."
Nijsgjirrich
Hoe swier oft de reizen ek binne, Krol is beret. It is it allegear wurdich, sa fynt er. "Ik moat hiel earlik wêze dat der ek wol wat nijsgjirrigens by sit."
De wurdearring dy't er derfoar werom krijt, is ek net te beskriuwen. "Je wurkje by minsken, je krije konneksjes, je krije in soarte bân mei dy minsken en dan wolle je wer."
It grutste gefaar fan in reis nei Oekraïne is datst werom wolst nei Oekraïne
Direkt gefaar rinne de Fryske helpferlieners nei eigen sizzen net. Se sitte yn in relatyf feilich gebiet. "It grutste gefaar fan in reis nei Oekraïne is datst werom wolst nei Oekraïne."
As it moat, is de Dokkumer dan ek fan doel om der faker hinne te reizgjen. Mar boppe-al hopet er dat der gau in ein oan de oarloch komt. "Dan kinst der ek noch wol in pear kear hinne gean om te helpen. Ik hoopje dat de oarloch ophâldt en dat de minsken sels ek wer wat dwaan kinne."
Oft hy der fertrouwen yn hat dat der ek echt in ein komt oan de oarloch? "De grutste politikus kin dêr gjin antwurd op jaan. Ik ha net it idee dat Ruslân dêr baat by hat. De hoop is der wol, mar it fertrouwen noch net."