Omrop Fryslân

Ek nei fjouwer jier oarloch binne Friezen noch hieltyd goederjousk foar Oekraïners, sa docht bliken yn Frjentsjer

De Friese Rijders krigen in sjek fan fjouwertûzen euro. Dat jild brûke se om it ferfier te bekostigjen
© Omrop Fryslân
Doazen fol iten en oare libbensmiddels binne sneon út Frjentsjer wei op transport nei Oekraïne set. It guod waard ynsammele troch gemeenteleden fan de PKN-tsjerke, de Friese Rijders bringe it ynkoarten nei havenstêd Odessa.
In âldere frou set har fyts njonken it gebou fan De Rank yn Frjentsjer del. Efterop har fyts in doaze. "Een stroomaggregaat, dat kunnen ze daar goed gebruiken."
Se is ien fan de tsientallen tsjerkeleden dy't sneon delkomt. Tassen fol iten en guod foar persoanlike hygiëne wurde nei De Rank yn Frjentsjer brocht.
Protestantske tsjerke Frjentsjer hâldt ynsammelaksje foar Friese Rijders
"We dogge mei syn allen wat", seit Wessel Veenstra. Hy is de koördinator foar de ynsamlingsaksje yn Frjentsjer. "Us motto yn de gemeente is ek 'we kinne ús wol in slach yn 'e rûnte bidde, mar der moat ek wat barre'. Dus ik fyn it hertferwaarmjend."

Oan se tinke

Eintsjebeslút wurde yn twa moarnsskoften 120 bananedoazen folle mei guod ynsammele. "Ast dêr no sitst en hast neat, dan bist o sa bliid dat der wat delkomt", seit Neeltje Bonnema. "Ik ha kofje, knakwoarst, koekjes en noch in hiel soad oar guod brocht. Sa litte je ek sjen dat je oan se tinke."
Yn twa dagen tiid kinne mear as 120 doazen folle wurde mei libbensmiddels
© Omrop Fryslân
Njonken alle folle doazen waard ek jild ynsammele.
De Friese Rijders, dy't al it guod nei Oekraïne bringe, krigen in bedrach fan fjouwertûzen euro. "Dêr kinne wy de reis en it ferfier fan bekostigje", seit Marten Cornel.

Waarm gefoel

Hy is krekt werom út Kiëv. Dêr gie de foarige fracht mei helpguod hinne.
"Je komme dêr eltse kear mei sa'n waarm gefoel wei. It is ek foar de minsken it hert ûnder de riem dat se krije."
"Dat se witte dat der minsken tûzenen kilometers fan har wei sitte en meilibje, dat docht sa'n soad mei de minsken dêr."
PKN Frjentsjer sammelet yn foar Friese Rijders
© Omrop Fryslân
De Friese Rijders ha as doel hûnderttûzen minsken te helpen mei guod en iten út Fryslân. Dat doel komt hieltyd tichterby.
Foar Cornel bliuwt it bysûnder dat Friezen noch hieltyd sa goederjousk binne. "Dat giet noch hieltyd troch, al fjouwer jier. Friezen bliuwe efter de Oekraïners stean."

Flakby de frontliny

Al it guod út Frjentsjer giet earst nei Haulerwyk en dan sa gau it kin op transport nei Oekraïne.
It doel is om it yn de súdlike havenstêd Odessa te krijen en sa rjochting âlderein en minsken mei beheinings te bringen dy't yn de buert fan de frontliny wenje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.