Dit kin Fryslân leare fan Oekraïne: "Wy witte hoe't it is om te libjen yn drege omstannichheden"
Friezen dogge in soad foar Oekraïners, mar Oekraïne kin ek in soad betsjutte foar ús lân, dat seit Andriy Kostin. Hy is de Oekraynske ambassadeur yn Nederlân en brocht moandei in besite oan Fryslân.
Doel fan 'e besite wie om ûnderlinge relaasjes te fersterkjen en kennis út te wikseljen.
"Wy diele deselde wearden fan frijheid, minskerjochten en demokrasy. It is wichtich om inoar better kennen te learen en inoar te helpen", stelt Kostin.
Opstapt as prokureur-generaal
Kostin wie oant ein oktober 2024 prokureur-generaal yn Oekraïne.
Hy stapte op om ferantwurdlikheid te nimmen foar in skandaal wêrby't tsientallen amtners beskuldige waarden harren posysje te misbrûken om in ynfalidestatus te krijen en sa militêre tsjinst te ûntrinnen.
Sûnt april 2025 is Kostin ambassadeur fan Oekraïne yn it Keninkryk der Nederlannen.
Kostin toande him tankber foar alle help dy't Oekraïne út Fryslân wei krige. "Nederlanners hawwe net allinnich harren doarren iepen set foar 130.000 Oekraïners, mar ek harren hert."
Hope4Ukraine
De ambassadeur doelt dêrmei ûnder mear op 'e stichting Hope4Ukraine. In stichting dy't bygelyks transporten mei helpguod nei Oekraïne organisearret en dy't soarget foar iten yn doarpen oan 'e frontliny.
"Het is bijzonder om de ambassadeur te mogen ontmoeten", seit Gerben Huisman, foarsitter fan 'e stichting.
Neffens him helpt de besite fan Kostin om derfoar te soargjen dat it helpguod op it goede plak bedarret.
"Inmiddels hebben we meer dan 400 transporten gebracht", fertelt Huisman. "Ook hebben we meer dan 100 objecten hersteld."
"Daarnaast delen we voedselvouchers uit en we hebben inmiddels meer dan veertig voertuigen gebracht, waaronder dertien ambulances en drie brandweerauto's."
Komplekse wrâld
Kostin stelt dat Oekraïne ek help brûke kin op it mêd fan moderne enerzjy-oplossings, wetterfoarsjenning en -suvering en agrarysk wurk.
Mar, sa stelt de ambassadeur, it wurket beide kanten op. "De wrâld is kompleks op dit stuit. Wy witte hoe't it is om te libjen ûnder drege omstannichheden."
It is better om te witten hoe'tst bygelyks in stroomûnderbrekking oplosse kinst yn stee fan derûnder te lijen.
"We witte hoe't is is om te libjen mei risiko's fan wetter- of stroomûnderbrekkingen. We witte hoe't we dat yn in pear oeren oplosse kinne", stelt Kostin. "It is better om te witten hoe'tst bygelyks in stroomûnderbrekking oplosse kinst yn stee fan derûnder te lijen."
"Wy moatte dy ûnderfining diele mei Nederlanners, want ek hjir kinne rampen barre, kinne der cyberoanfallen komme. Us ûnderfining kin hjiryn helpe."
Drones
Kostin neamt it foarbyld fan drones dy't hieltyd faker sinjalearre wurde by fleanfjilden of wichtige objekten.
"Dat is in sinjaal dat immen dyn systeem besiket te testen. Wy ha ûnderfining om mear koördinaasje tusken ferskillende organen te regeljen. We binne klear om dit mei jimme te dielen."
Rob Jonkman, wethâlder yn 'e gemeente Opsterlân, sjocht ek dat Nederlân wat leare kin fan Oekraïne.
"We hebben een burgemeester en een ambtenaar op bezoek gehad. Die hebben verteld wat hun ervaringen zijn als bijvoorbeeld de stroom uitvalt voor een langere periode. Wat kun je dan betekenen voor je inwoners? Wat moet je dan doen als gemeente?"
Jonkman sjocht werom op in nuttige besite. "Het is belangrijk om te laten zien dat je er voor elkaar bent."
"Je kunt best een economische samenwerking hebben en je kunt hulp geven, maar het is heel belangrijk dat er steun wordt gevoeld dat de mensen niet alleen staan. Dat is iets wat ontzettend wordt gewaardeerd."
Yn petear
Ambasadeur Kostin ropt Friezen op om it petear oan te gean mei Oekraïners yn Nederlân.
"Elkenien hat syn of har ferhaal. Ast nei dy ferhalen lústerest, komst derefter dat we deselde minsken binne. Elkenien fertsjinnet in bettere takomst."
"We hearre ferhalen fan Friezen dy't helpe om huzen wer op te bouwen", giet Kostin fierder. "Dat is bemoedigjend."