Oekraynske ambassadeur bot under yndruk fan Fryske helpaksje: "Tige tankber"
Djip ûnder de yndruk en tankber foar de ynset. De ambassadeur fan Oekraïne seach syn eagen út by in besite oan de stichting Friese Rijders yn Haulerwyk.
Oleksandr Karasevych woe mei eigen eagen sjen wat foar wurk de stichting ferset foar minsken yn need yn syn thúslân. "Ik bin bot ûnder de yndruk", seit hy.
De fabrykshal yn Haulerwyk feroare woansdei suver yn in mierehoop. Goed 75 Oekraynske en Fryske frijwilligers kamen doazen foljen of op in oare manier helpen.
It doel fan de dei: 1.500 doazen ynpakke mei earste libbensbehoeften, lykas iten, sanitêre produkten en medysk materiaal. De doazen gean nei famyljes en militêren oan it front yn Oekraïne.
"Ik woe it fansels ek sjen"
"Ik moete de organisaasje fan Friese Rijders in pear moannen lyn yn Den Haag. Fan harren wurk hearre is ien, mar ik woe it fansels ek sjen", seit de ambassadeur. "Sa'n grutte loads fol mei guod, in soad humanitêre help en it alderbelangrykste: de minsken. Minsken dy't by-inoar komme om te helpen."
Oekraynske ambassadeur op besite by Friese Rijders yn Haulerwyk: "Bot ûnder de yndruk"
Karasevych krige in rûnlieding fan Arnaud Dijkstra fan Friese Rijders. Dijkstra fynt it bysûnder dat de ambassadeur delkomt.
De oarloch yn Oekraïne giet nammentlik ûnfermindere troch en dêrmei ek de ynset fan Friese Rijders. De stichting is net allinnich mear aktyf yn Noard-Nederlân, mar belûkt no ek de rest fan it lân derby.
"Wy ha dit jier 600.000 oan donaasjes ophelle. Mar wy kinne opskale nei 1,8 miljoen euro yn it jier", seit Dijkstra. "Wy wolle de 100.000 Oekraynske flechtlingen ferspraat yn Nederlân meihelpe litte troch guod yn te sammeljen of aksjes op te setten."
Karasevych stuts de hannen ek út de mouwen. "Ik kom net allinnich sjen, ik wol ek helpe."
Hert ûnder de riem
Hy woe boppedat syn lângenoaten in hert ûnder de riem stekke. "Oekraïners yn Nederlân binne tige tankber dat Nederlanners harren opfange. Fansels hoopje ik dat ús minsken wer werom nei hûs ta kinne, mar dan moat de situaasje earst feilich wêze."
De ambassadeur hat in boadskip foar de Oekraïners: "Wês sterk en hâld fol. En draach optimaal by oan de lokale mienskip. Praat mei minsken, want do kinst fan Nederlanners in soad leare."
Yntusken hat de stichting dit jier allinnich al tûzenen doazen ynpakt dy't yn sa'n fjirtich transporten rjochting Oekraïne gien binne. Yn de lêste moannen fan dit jier gean der noch sa'n seis dy kant op.