Omrop Fryslân

Bombardearre bernesikehûs yn Kyiv krijt Fryske knuffels: "Mar kinst der net fan ite"

Knuffels dy't de Friese Rijders nei Oekraïne ta bringe
© Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Hûnderten kleurige knuffels binne ûnderweis fan Haulerwyk nei Oekraïne. Se binne ynsammele troch de Friese Rijders, dy't al twa jier lang guod nei it oarlochsgebiet bringe. De knuffels gean nei it moandei bombardearre bernesikehûs yn Kyiv.
De frachtwein op wei nei Oekraïne wurdt al ynladen. Mar sels dan komme der noch in pear pakketsjes binnen: noch twa Mickey Mousen en in hiele lading lytse knuffels fan in supermerk. Dus kinne dy moai noch mei.
Hûnderten knuffels fan Haulerwyk nei Oekraïne
"Soest der net gau oan tinke by helpferliening yn Oekraïne", seit Arnaud Dijkstra fan de Friese Rijders. "Want gewoanwei bringe wy iten, medysk guod en hygiëneprodukten."
Mar sa'n knuffel kin foar bern krekt it ferskil meitsje, leit er út. "Fansels kinst fan in knuffel net libje of ite, mar yn de holle is it in hiel grut ding foar de bern."
Bern dy't sjokkearjende saken meimakke hawwe, moatte je wat moais jaan.
Arnaud Dijkstra fan de Friese Rijders
De knuffels binne nagelnij. De Friese Rijders wolle graach dat de bern oan it front in knuffel krije dy't lang mei kin.
"Bern dy't sjokkearjende saken meimakke hawwe, moatte je wat moais jaan. In ding dêr't se de kommende jierren noch mei troch kinne. Dat se witte dat ek minsken út oare lannen oan se tinke."

Stipe yn de rêge

De oarloch is al goed twa jier dwaande. Mar de aktualiteit lit sjen hoe hurd oft de stipe noch nedich is, seit Dijkstra.
"Der wie noch in bombardemint op in bernesikehûs yn Kyiv. It binne ferskriklike bylden. Frijwilligers fan ús hawwe der fuort hinne west om pakketten út te dielen." No sille ek alle ynsammele knuffels dêrhinne brocht wurde.
De doazen mei knuffels wurde ynladen
© Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Tini Boomsma fan Minnertsgea is drok dwaande mei it ynpakken fan de knuffels. Sy hat de lêste tiid in soad knuffels ynsammele by de supermerk yn it doarp.
"Minsken koene dêr in knuffel keapje", seit Boomsma. "Dy pakke wy hjoed yn en sille nei Oekraïne ta. Wy hawwe der sa'n 250 ynsammele, allegear út Minnertsgea en omkriten."
Tini Boomsma pakt de knuffels yn
© Omrop Fryslân, Casper Slotboom
By de knuffels sit in kaartsje mei in boadskip fan minsken dy't in knuffel donearre of kocht hawwe. Dy tekst is ek nei it Oekraynsk oerset.

Soad minsken stypje

"Maria, dy't by ús yn it doarp wennet, hat dy Oekraynske kaartsjes mei de hân skreaun", fertelt Boomsma. "De lêsten diene wy dochs mar in stikkerke op, want it wie net mear te dwaan om alles mei de hân te skriuwen. Safolle binne it."
In persoanlik boadskip oan de knuffel
© Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De frachtwein dy't no ûnderweis is, is alwer de 25ste frachtwein dy't yn 2024 nei Oekraïne ta rydt. Ek nei de simmer sille se by de Friese Rijders trochsette mei de aksjes.

Help bliuwt nedich

"Ien kin twa oant fjouwer wiken libje fan ien fan ús bananedoazen. Wy helpe sa'n 5.000 oant 7.500 minsken mei ien frachtwein. We hawwe dus in soad minsken holpen yn koarte tiid."
De organisaasje docht noch wol in oprop om te donearjen. Dijkstra: "Dat bliuwt spitigernôch altyd needsaaklik om al it guod yn te sammeljen en dêr te krijen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.