Tûzenen Fryske needpakketen nei Oekraïne: "Ik stie mei triennen yn de eagen"

Tsientallen frijwilligers pakke by Friese Rijders needpakketten yn foar oarlochsslachtoffers yn Oekraïne
Tsientallen frijwilligers pakke needpakketten yn foar oarlochsslachtoffers yn Oekraïne © Omrop Fryslân
It is 'hertferwaarmjend', seit inisjatyfnimmer Arnaud Dijkstra. Tsientallen frijwilligers ha yn ien dei tûzen bananedoazen fold mei essinsjeel itensguod.
De doazen binne ornearre foar Oekraïne. Dit wykein is it eksakt twa jier lyn dat Ruslân dêr binnefoel, mar de sitewaasje is noch hieltyd 'skrinend', seit Dijkstra.
"Ik ha der meardere kearen west. Ik kaam by minsken dy't yn de kjeld sitte, en neat ha. As dy in bananedoaze krije, wurde se dêr emosjoneel fan."
Freed wie der in iepen dei fan de organisaasje achter de aksje, de Friese Rijders. Minsken koene itensguod ôfjaan en tagelyk de frijwilligers yn aksje sjen.
In frachtwein fol doazen foar Oekraïne
De doazen wurde net allinne fold mei itensguod as pasta, sop en rys, mar ek mei medisinen, fersoargingsprodukten en wollen winterwanten.
Earder dizze wike waarden se noch ynpakt yn in lytse hal dy't beskikber steld wie troch in bedriuw yn de buert, mar no is de aksje ferhuze nei in grutte loads yn Haulerwyk.
De Friese Rijders ha sûnt desimber 2023 mear as 15.000 bananedoazen mei itensguod garre. Earder ha se al mear as tûzen kúb guod dy kant op brocht, en de organisaasje hat ek 466 Oekraynske flechtlingen nei Fryslân helle.
De organisaasje hie rekkene op goed 20 frijwilligers yn Haulerwyk, mar der kamen hast twa kear safolle.
Ien fan de frijwilligers is de 24-jierrige Anastasia. Se komt út Dnipro, in grutte stêd yn it easten fan Oekraïne. De sitewaasje dêr is net goed, seit se, en se makket hat soargen oer hat heit en mem.
Tsientallen frijwilligers pakke by Friese Rijders needpakketten yn foar oarlochsslachtoffers yn Oekraïne
Anastasia (24) komt út Dnipro © Omrop Fryslân
"Us heit sit yn it leger, en ús mem woe it lân net ferlitte as hy dêr noch wie. .Gelokkich ha ik alle dagen kontakt mei se."
Troch oanfallen mei raketten en drones binne der yn hiel Oekraïne eins gjin feilige plakken mear", seit Anastasia. "Fan 'e moarn hearde ik dat der in drone-oanfal wie op in hûs yn Dnipro. Der binne meardere minsken ferwûne rekke."
It docht har goed dat der yn Haulerwyk safolle minsken binne dy't helpe wolle. "Alle minsken yn Oekraïne binne dêr hiel tankber foar", seit se.
Tsientallen frijwilligers pakke by Friese Rijders needpakketten yn foar oarlochsslachtoffers yn Oekraïne
De ynhâld fan ien fan de tûzenen bananedoazen dy't nei Oekraïne giet © Omrop Fryslân
Earder dizze wike gie der al in folle frachtwein nei Oekraïne. Twa sjauffeurs ha in wike frij naam fan it wurk, nei oerlis mei de frou en de baas. It rekket Dijkstra.
"Ik stie mei triennen yn de eagen. Hoechst mar in opropke te dwaan en dy minsken steane hjir wer."