Fryske bananedoazen mei helpguod moatte Oekraïners de winter trochhelpe

Oekraïne, De Friese Rijders
Oekraïne, De Friese Rijders © Omrop Fryslân
Hûnderttûzen bananedoazen fol mei iten, sanitêre produkten en medisinen nei Oekraïne bringe. Dat doel hopet helporganisaasje De Friese Rijders de kommende moannen te folbringen.
Ferline wike kaam de organisaasje mei in nije aksje. Partikulieren, klups en bedriuwen kinne in bananedoaze folje mei produkten of in finansjele bydrage jaan om dat dwaan te litten. Oant no ta binne al tûzenen doazen sammele en is mear as 55.000 euro ophelle.
Alle help is dizze winter hurd nedich yn Oekraïne, fertelt Arnaud Dijkstra fan De Friese Rijders. "De situaasje is noch slimmer as ferline jier. De ynflaasje is dêr enoarm tanommen. De earmoed wie der al, mar dy is no noch folle slimmer."
De Friese Rijders wolle Oekraïners de winter trochhelpe
Der is benammen ferlet fan iten, bygelyks fan saken dy't in skoftke goed bliuwe. Mar bygelyks oan it front binne ek te min generatoaren, waarmers en toerniketten.
Sûnt koart wurket de helporganisaasje benammen fan Haulerwyk út. Dêr is in nij pakhûs yn gebrûk nommen, dêr't ûnder mear de bananedoazen ynpakt en sammele wurde.
"Wy ha ek noch altyd in soad lokale bringpunten", fertelt Dijkstra. "Mar om de help op dizze skaal en mei frachtweinen te dwaan, hiene wy in grut pakhûs nedich. No kinne wy opskale, oars is dat net te dwaan."

Flechtlingen helpe mei

It binne benammen in soad Oekraynske flechtlingen dy't helpe yn it pakhûs. Sy wenje yn de omjouwing fan Haulerwyk. "Se wolle hiel graach wat dwaan foar harren thúslân. Guon minsken nimme de hiele dei gjin skoft, want se wolle gewoan ynpakke."
Ienkear yn Oekraïne komme de bananedoazen terjochte by boargers of militêren. De Friese Rijders wolle de kommende tweintich wiken yn totaal hûndert frachtritten dy kant op meitsje.