Friese Rijders litte Oekraïne gjin dei los: "Noch altyd smoardrok"
Presys trije jier nei de ynvaazje fan Ruslân yn Oekraïne, sette hûnderten frijwilligers har noch altyd yn om de befolking dêr te helpen. De Friese Rijders folje alle wiken in frachtwein yn Haulerwyk mei materiaal. "We ha it noch altyd smoardrok."
"Hjoed lade we frachtwein 8 fan dit jier yn", fertelt Arnaud Dijkstra. "Woansdei frachtwein 9 alwer. Dus gemiddeld elke wike ien."
Dijkstra hat it der mar drok mei. As man fan de earste oere is hy belutsen by de Friese Rijders. "Ik bin der 40 oeren yn 'e wike frijwillich mei dwaande. Yn totaal binne we mei sa'n 150 frijwilligers."
Stasjons fol mei flechtlingen
Tusken de drokte troch, hat er it even oan tiid om werom te sjen op trije heftige jierren. "Ik wit noch presys wêr't ik wie doe't de oarloch útbruts. En dy earste wiken, doe't de treinstasjons yn Poalen grôtfol stienen mei flechtlingen, steane my ek noch goed by."
Dat wie de earste oanlieding om te begjinnen mei de help. "In maat fan my is nei dy treinstasjons ta gien. Doe't er weromkaam, fertelde er my oer tûzenen minsken dy't ien dixie brûke moasten, oer memmen dy't bern kwyt wienen, oer allegear misstannen."
"Hy sei: 'Arnaud, we moatte hjirop ynspringe.'"
Yn novimber 2022 gienen de Friese Rijders offisjeel los. Yntusken binne der hûnderten frachtweinen mei helpguod nei Oekraïne ta gien. "Der giet 90 kúb yn in frachtwein", leit Dijkstra út. "En it is allegear kwalitative help: iten, medysk guod, hygiënysk guod."
Moandei presys trije jier lyn dat oarloch begûn
It wie 24 febrewaris 2022 doe't Ruslân Oekraïne binnenfoel. De Friese Rijders kamen al gau dêrnei yn aksje.
Se brochten njonken guod as iten en drinken ek alris in ambulânse, aggregaten en knuffels nei it front.
Ek guod dat net perfoarst nedich is mar wol tige handich wurdt oerbrocht. "De ôfrûne wykein ha we fytsen ynsammele, dy wurde hjoed ynladen. Der bart noch in enoarm soad."
De begjinperioade wie tige heftich, wit Dijkstra noch. "We ha hûnderten flechtlingen ophelle. Dêrby siet bygelyks in mem mei twa bern en yn totaal ien rêchsekje. Se witte net iens wêr't Nederlân leit. Har man moast it leger yn, de buorman wie al delsketten. Dat wie sa'n emosjonele tiid."
It hat in soad impact op Dijkstra en syn kollega's. "De frijwilligers dy't flechtlingen ophelle ha, ha noch geregeld kontakt mei de flechtlingen. En elkenien dy't je ophelje hat syn of har eigen ferhaal."
Ferdoarje, wat in ellinde makket dy man mei.
Ien fan dy ferhalen giet oer in man fan in jier as santich út Bachmut. "Hy wit noch altyd net oft syn dochter libbet. Doe't hy út Oekraïne wei gie, wienen se dwaande mei massagrêven: buldoazers skoden lichems deryn en de grûn deroerhinne, safolle boargerslachtoffers wienen der."
Wurk is noch net klear
Nei trije jier hat dy man noch altyd neat heard fan syn dochter. "Oan de iene kant hopet er elke dei op in telefoantsje fan har, oan de oare kant fjochtet er tsjin it fertriet dat er nei alle gedachten noait wat fan har hearre sil."
It is dúdlik dat sokke ferhalen deryn hakke. "As ik mei dy man oan it wurkjen bin yn it pakhûs, kinst it oan myn stim hearre, dan tink ik: ferdoarje, wat in ellinde makket hy mei."
It liket der noch net op dat it wurk fan de Friese Rijders op koarte termyn klear is. Dat beseft Dijkstra ek. "Ik wit net wat Trump betinkt, ik wit net wat der yn de wrâld gebeurt."
Dat der no sûnder in Oekraynske ôffeardiging 'fredespetearen' fierd wurde tusken de Feriene Steaten en Ruslân, soarget foar in soad lilkens by de Oekraïners dêr't Dijkstra kontakt mei hat. "'Wêr binne al ús deaden foar fallen', freegje se harren ôf. 'Moatte we ús lân no mar weijaan?'"
Dat sil net barre, sizze se dan tsjin Dijkstra. "Se jouwe harren gebiet echt net oan Poetin, dan fjochtsje se leaver oant harren dea."
Yn oktober kaam de Oekraynske ambassadeur te sjen by de Friese Rijders:
Oekraynske ambassadeur op besite by Friese Rijders yn Haulerwyk: "Bot ûnder de yndruk"