Miljoeneboete hinget Nederlân boppe de holle: beskerming fan de skries moat better
Nederlân kin in Europeeske boete fan mear as 200 miljoen euro krije as der gjin goeie maatregels naam wurde foar de skries.
Juristen fan it ministearje fan Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer ha dat berekkene, sa waard dúdlik op in presintaasje fan dat ministearje op in provinsjale greidefûgelkennisdei op 'e Jouwer.
De Europeeske Kommisje hat Nederlân yn gebreke stelt oer de beskerming fan de skries. Nederlân hat no in plan yntsjinne foar 50.000 skriezespantsjes yn 2050. Uteinlik moatte dat der 85.000 wurde.
As de kommisje dat plan ôfkart, giet de kwestje nei it Europeeske Hôf. Dat kin liede ta dy miljoeneboete, sizze de juristen. De ferwachting is dat de Europeeske Kommisje hjir fan 't simmer dúdlikhied oer jout.
Frijwillich is net frijbliuwend
Ien fan de punten dêr't it op heakje kin, is dat Nederlân gjin nije, neffens de Fûgelrjochtline, beskerme gebieten ynrjochtet foar de skries en oare greidefûgels.
Nederlân set wol bot yn op mear en swierder agrarysk natuerbehear. Mar dat is op basis fan frijwillichheid; boeren kinne der foar kieze om mei te dwaan. Of om net mei dwaan.
Nederlân hat besocht Europa dúdlik te meitsjen dat dizze frijwillichheid net betsjut dat it frijbliuwend is. Boeren dy't meidogge, binne oan kontrakten bûn.
It Ryk hat yn desimber noch in yntinsjeferklearring ûndertekene om sa gau as mooglik konkreet troch te pakken op ien fan dy foarmen fan agrarysk natuerbehear: it skriezeoanfalsplan.
Dêrmei moat de skries holpen wurde yn grutte oaniensletten gebieten fan swier agrarysk natuerbehear yn kombinaasje mei greidefûgelreservaten fan natuerorganisaasjes.
"Predatieluw gebied"
Fryslân hat it Ryk ek frege om hjir in proef te dwaan mei in "predatieluw gebied" dêr't ekstra romte is om rôfbisten te bestriden.
"Doch dat no by ús, wy binne de greidefûgelprovinsje fan it lân", seit deputearre Matthijs de Vries dy't foar alle provinsjes mei it Ryk om tafel sit oer de greidefûgels.
Direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie is 'oanjager' fan it skriezeoanfalsplan. Hy hopet dat der gau mear dúdlikhied komt foar boeren oer bygelyks langere kontrakten.
Dútske ynsekten
It bliuwt wol de fraach oft de skriezen net mear nedich ha as de plannen dy't yntsjinne binne by de Europeeske Kommisje.
Op 'e Jouwer joech de Dútske greidefûgelbeskermer Heinrich Belting in presintaasje oer hoe't de Dútsers yn it natuergebiet Dümmer, boppe Osnabrück, deryn slagge binne om de greidefûgelstân oer de folle breedte bot omheech te krijen.
Wat dêr by opfalt, is dat parten fan dat gebiet folle wieter binne as hjir, mei yn de maitiid wol tweintich sentimeter wetter op it lân. En de Dútsers hâlde it lân ek folle langer wiet.
De ynsektenrykdom is yn it Dútske natuergebiet ek folle grutter as hjir. En ynsekten binne it fretten fan de piken.
Boppedat ha de Dútsers juridysk mear romte om predatoren oan te pakken . Se dogge dat mei twa professionele jagers.
It is in totaalpakket, seit Belting. Alles moat kloppe. Hy is ek goed bekend yn Fryslân.
"It wichtigste is dat natuerbeskerming en de lânbou goed mei elkoar ferweve binne. En dat alles wat de leefomjouwing fan de greidefûgels ferbetterje kin ek ynset wurdt", seit er as er frege wurdt nei lessen foar de Fryske situaasje.
"Wat my opfalt yn Fryslân is dat it wetter yn de measte gebieten fiersten te leech stiet." En wat je ek dogge, doch it mei de boeren, seit er. "Sûnder boeren rêde je it net."