Omrop Fryslân

Wa rêdt de 'kening fan de greide'? Skries hat help nedich, mar Den Haag wol earst mear ûndersyk

De kening fan de greide tichtby
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De skries en it 'Grutto Aanvalsplan' steane ûnder druk. Mei it plan wurdt besocht om de greidefûgel yn 35 relatyf grutte gebieten te rêden. De help dy't dêrfoar nedich is út Den Haag, komt lykwols net gau genôch los.
Dy warskôging komt fan ien fan de inisjatyfnimmers fan it plan, direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie.
Der binne in oantal betingsten wichtich om fan it Aanvalsplan Grutto in sukses te meitsjen, wêrfan't in part yn Den Haag regele wurde moat.

Ministearje wol 'ûndersykje' en 'neitinke'

Boeren dy't meidogge ha minder ynkomsten. Sy wolle tweintich jier lang wis wêze dat sy betelle krije foar de ekstra ynset dy't sy dogge. No is dat noch seis jier. Foar dizze saneamde 'swiere behearpakketten' moat ek jild komme.
It ministearje fan Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer hat sein dat sy dy kontrakten fan tweintich jier ûndersykje wolle. Ek wolle se neitinke oer de 'swiere behearpakketten' en dat gau en yn stappen oppakke.
Skries yn it wetter
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
It kabinet lûkt yn totaal fiifhûnderd miljoen euro ekstra út foar agrarysk natuerbehear wêrby't de skries ek nochris ekstra beneamd wurdt. Dat is gjin ferrassing, want út Brussel wei is Nederlân warskôge dat de beskerming fan de skries en oare greidefûgels no ris goed oppakt wurde moat.

'Opnij ûndersyk dwaan duorret lang'

Van der Werf is hiel bliid mei it sinjaal út Brussel. "Mar it is ús noch net konkreet genôch, wy wolle op koarte termyn aksje. We fernimme dat der in hiel soad animo is fan boeren dy't meidwaan wolle oan it Oanfalsplan Skries, mar der moat no earst wer mear ûndersyk dien wurde en dat duorret wer in hiele tiid."
Links direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie en rjochts foarsitter Hans Kroodsma fan Agrarisch Collectief Waadrâne
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De inisjatyfnimmers achter it Aanvalsplan Grutto sjogge dat der noch hieltyd in soad enerzjy yn sit. "Mar it is wol kwetsber", seit Van der Werf. "Dêrom rop ik it regear en de agraryske kollektiven ek op om it op te pakken en oan 'e slach te gean. Der lizze kânsen, mar de skries wachtet net."
Op de fraach oft it derop of derûnder is foar de skries, is Van der Werf dúdlik: "Sa kinst it wol stelle. It giet gewoan min mei de greidefûgels en der moatte no echt stappen set wurde. It regear wurdt út Europa wei oansprutsen om no echt yn aksje te kommen. Ik bin hiel benijd wat Europa fynt fan de plannen dy't no presintearre binne."

"Soad boeren"

Van der Werf seit dat yn de stâl fan boer Hans Kroodsma. Hy is foarsitter fan it Agrarisch Collectief Waadrâne en sit wat dat oanbelanget midden yn it agrarysk natuerbehear, mar ek it oanfalsplan foar de skries.
Hy befêstiget it entûsjasme ûnder de boeren: "Der binne noch hieltyd in soad boeren dy't meidwaan wolle. Mar dan moatte der wol goeie fergoedings foar wêze en ek op in termyn dêr't je fan sizze kinne: dêr kin ik wat mei yn myn bedriuw."
In skries slacht alarm
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Kroodsma fynt ek dat der trochpakt wurde moat: "Wy moatte derfoar soargje dat der wat bart, want wy ha echt gjin tiid mear. En as eat net wurket, dan is dat ek prima, mar besykje yn elts gefal wat. Want sa komme wy der net."
Mar der is mear as boer en oerheid allinnich; der is ek in ekonomyske realiteit mei partijen lykas banken en supermerken. Dy moatte wat Kroodsma oanbelanget ek byskeakelje.
"As de oerheid docht wat sy tasizze foar yn elts gefal de skries, dan is dat bêst in goeie basis. Mar as dy 'perifery' fan de lânbou der noch bykomt, dan kin de boer der ek echt wat mei."
Roppende skries
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
It Aanvalsplan Grutto kin wat Kroodsma oanbelanget hiel goed as in foarrinner en foarbyld tsjinje foar in bredere beweging rjochting natuerynklusive lânbou. "Dêr wurdt op it stuit yn myn belibbing wat te min op ynset, wy sjogge benammen hoe't wy it technysk oplosse kinne."

Natuerbehearders

De klam yn de plannen út Den Haag wei leit wol hiel bot op agrarysk natuerbehear, mar dat behear yn de gebieten fan it Aanvalsplan Grutto is geregeld ek bot ferbûn mei ynspannings fan natuerbehearders, lykas Staatsbosbeheer, It Fryske Gea en Natuurmonumenten yn harren greidefûgelreservaten.
En krekt Staatsbosbeheer moat fan it Ryk besunigje op de organisaasje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.