Q&A: Dit is wêrom't wy in tik op 'e fingers krije foar ús skriezebeskerming
Nederlân krijt in tik op 'e fingers fan de Europeeske Kommisje: wy dogge te min oan de beskerming fan de skries en oare greidefûgels. Hoe terjochte is dit teplak setten?
Binnen twa moannen moat it Ryk mei in ferbetterplan komme dat echt it ferskil meitsje kin. Subsydzjes en oare regelingen hawwe neffens Brussel net genôch holpen.
Wy lizze it foar oan ús natuerferslachjouwer Remco de Vries.
Watfoar byld litte de sifers sjen?
"Yn 1970 hie Nederlân noch 120.000 spantsjes briedende skriezen. Dêr binne no noch goed 30.000 fan oer.
Yn 2023 sieten dêrfan 8.800 spantsjes yn Fryslân. Dat is rûchwei 40 persint fan de hiele Europeeske populaasje."
"De ambysje om dêr wat oan te dwaan, is yn Fryslân ek bysteld. Yn 2006 waard noch ynset op 25.000 briedpearen; hjoed-de-dei binne dat der 10.000.
Je kinne dus stelle dat it hiel min giet mei de skries, mar dat de oanpak derfoar soarget dat dit efterútbuorkjen wat stadiger ferrint."
Hat de Europeeske Kommisje in punt?
"Absolút! De oanpak oant no ta helpt net genôch, want der hawwe te folle maitiden west wêryn't der net genôch piken grut wurden binne.
Boppedat, mei 80 persint fan de skriezepopulaasje dy't yn ús lân briedt, hawwe wy wol in swiere ferantwurdlikens om dêr wat oan te dwaan."
Wat binne de oarsaken?
"Rûchwei de yntinsivere lânbou. Mar as je it de minsken yn it fjild freegje, wize sy benammen nei predaasje; rôfbisten dy't de aaien, piken en bytiden ek folwoeksen fûgels opfrette."
"Mar it ien stiet net los fan it oare. Boeren wolle fansels winst meitsje en al dy boere-aktiviteit yn it lân makket it de skriezen net maklik.
Skriezen hâlde fan wiet lân. Mar om sa betiid mooglik it lân op te kinnen, moat it lân foar de boer just sa drûch as mooglik wêze. Greppels wurde geregeld ynruile foar drainaazjebuizen."
"Drûger lân soarget ek foar minder ynsekten, it iten foar de fûgels. Mei dêrom wurdt der ek wiet fûgeltsjelân oanlein, mei help fan pompen. De iene ynsektesoart libbet ek heger yn de fegetaasje as de oare. In pyk moat der wol by kinne."
Hoe sit it dan mei predaasje?
"Neffens ûndersikers sitte der yn gongber lân folle minder proaien. Mei dêrtroch binne rôfbisten ôfhinklik fan fjildmûzen as basisfretten. Mar as dy der ek net binne, iezje rôfbisten op greidefûgels. Dat is dizze maitiid ek oan 'e hân.
Rôfbisten lykas foksen en stienmurden wurde dêrom fongen of ôfsketten."
"De kaai leit neffens ûndersikers yn it ferbetterjen fan it leefmiljeu fan rôfbisten, wêrtroch't dy mear fretten ha as fjildmûzen en greidefûgels. En rôfbisten lykas de das hâlde net fan hiel wiet lân."
Wat moat der dan gebeure?
"It leefgebiet fan de skries moat wieter en riker oan natuer en bioferskaat. En op koarte termyn is der predaasjebestriding nedich. Der binne ek in soad stimmen dy't sizze dat dit folle yntinsiver moat en dat je dêr eins net sûnder kinne.
Der leit in skrieze-oanfalsplan wêryn't úteinlik 30 grutte gebieten yn Nederlân ynrjochte wurde foar de skries."
"Dêr is 70 miljoen euro foar nedich, mar ek it Ryk moat in stap foarút dwaan om langjierrige kontrakten mei boeren mooglik te meitsjen.
Want mei mear wetter en mear krûderyk lân dat let meand wurdt, fertsjinnet de boer gâns minder jild en dat moat foar de lange termyn garandearre wêze. De measte skriezen briede noch hieltyd yn boerelân."
Hoe giet dit fierder?
"Oer twa moannen moat it Ryk mei in effektyf plan komme. Oars stapt de Europeeske Kommisje nei it Europeesk Hôf en dy kin in boete en in twangsomme oplizze. Dy bedraggen binne net foar de poes.
It Ryk hat de help fan provinsjes dêrom hurd nedich, want dy binne ferantwurdlik foar de útfiering fan natuerbelied. Yn Fryslân binne der no twa ûntwikkelingen.
Earst: boeren hawwe in soarchplicht foar greidefûgels yn har lân. Mar dy ôfspraken binne wat frijbliuwend."
"Nei in earste petear yn july tusken de provinsje en alle belutsen partijen is ôfpraat dat der yn de hjerst in twadde petear komt oer 'striktere ôfspraken', sa hear ik fan de Bond van Friese Vogelwachten.
Twads: de predaasjebestriding. Dêr is ferline wike oer praat tusken de provinsje en alle by it greidefûgelbehâld belutsen partijen. Utkomst is dat der in nij plan fan oanpak komt foar it behear fan rôfbisten."
"Dêrby giet it net allinnich om it sjitten of fangen fan rôfbisten, mar ek om har leefgebiet. Dat kinne je minder geskikt meitsje of je kinne foar mear alternative proaien soargje.
Fierder komt der nei alle gedachten in ekskurzje nei in gebiet yn Noard-Dútslân dêr't it wol goed giet mei de skries, ek troch it yntinsyf koarthâlden fan rôfbisten.
Ta beslút is it goed om te ûnthâlden dat skriezen hjir allinnich yn de maitiid binne.
Skriezen hawwe yn it bûtenlân op fûgeltrek of yn oerwinteringsgebieten ek te lijen fan in grut tal problemen dy't troch de minsk of it feroarjende klimaat feroarsake wurde."