Plan foar 38.000 bunder nije natuer yn Fryslân

natuer greidefugels
In roppende skries op 'e jûntiid by de Blaugerzen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Fryslân moat oant 2030 sa'n 38.000 bunder nije natuer meitsje. Dêrby giet it om goed 35.000 bunder oan 'agraryske natuer' en in lytse 2.700 bunder oan natuergebiet.
It plan foar de nije natuer stiet yn it ûntwerpstik fan it Nationaal Programma Landelijk Gebied (NPLG). It is net sa dat it Ryk it oantal bunders foarskriuwt, it programma moat de provinsje foaral helpe om sicht te krijen op hoe grut oft de opjefte ûngefear is.
Dizze oanpak is betocht omdat de leefberens fan it plattelân en de kwaliteit fan it miljeu ûnder druk steane troch klimaatferoarings. Sa is der soms te folle, en oare kearen te min wetter.
Ek te folle stikstof, it ferlies fan bioferskaat, boaiemdelgong, te lege wetterkwaliteit en it sâlt wurden fan de grûn hawwe grutte ynfloed.
Heanmar1
De Heanmar by Koudum: in drûchmakke mar dy't ynrjochte is as natuergebiet foar greidefûgels © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It is yn Fryslân gjin automatisme dat nije natuergebieten ek nei besteande natuerbehearders gean, mar mei it programma 'Natuer mei de Mienskip' kinne ek boeren meidwaan.
Dat programma is der kaam om it Natuur Netwerk Nederland (NNN) ôf te meitsjen, in netwurk fan besteande en takomstige natuergebieten. It Ryk stekt dêr sûnt 2014 alle jierren sa'n 100 miljoen euro yn.
By de nije natuer oant 2030 giet it dus om agraryske natuer en natuergebieten. Wat dy natuergebieten oanbelanget, is it de ferwachting dat provinsjes dat foar it grutste part foarelkoar krije kinne troch de besteande plannen.
Swartfean2
It Swartfean. Ien fan de gebieten dêr't Natuer mei de Mienskip de ôfrûne twa jier proefdraaid hat © Omrop Fryslân, Remco de Vries
By de agraryske natuer leit dat oars. Yn Fryslân is der by agraryske natuerferienings al in soad ynteresse foar it Grutto Aanvalsplan, mar dat is net genôch om oan dy 35.000 bunder te foldwaan. Yn it NPLG steane ek buffersônes mei Natura 2000-gebieten en hegere wetterpeilen.

Net genôch jild

Troch it klappen fan it lânbou-akkoart lizze der yn alle gefallen gjin pankleare oplossings foar hoe't boeren harren bedriuwsfiering op de plannen oanpasse kinne. De provinsjes sjogge noch net genôch jild foar de útfiering lizzen.
Sa hat it Ryk 24,3 miljard euro beskikber steld foar it NPLG, mar alle provinsjes ha los fan elkoar plannen yntsjinne dy't delkomme op goed 50 miljard.
Boppedat kinne de nije ferhâldings yn de Twadde Keamer ek noch ta hiele oare útkomsten liede. Mar as it oer stikstof giet, is der oant no ta juridysk net safolle mooglik sa lang't der net dúdlik minder stikstof yn natuergebieten delkomt.