Europa: Nederlân moat skries better beskermje
Nederlân moat mear dwaan om de skries te beskermjen. Dat seit de Europeeske Kommisje. Subsydzjes en oare regelingen om greidefûgels lykas de skries te beskermjen, hawwe neffens de Europeeske Kommisje net holpen.
Nederlân moat oare "doeltreffende maatregels" nimme om it tij te kearen. Binnen twa moanne wol de Kommisje in ferbetterplan sjen.
In maatregel dy't helpe kin, is de briedgebieten fan de skries te behearen. Dat soe ek goed wêze foar oare boulân- en greidefûgelsoarten lykas de ljip en de strânljip, mient de Kommisje.
Fan dy fûgels rinne de populaasjes ek werom. It tal greidefûgels yn Nederlân sakket al tsientallen jierren stadichoan, seit de Kommisje. Dat komt benammen troch it ferlies oan leefgebiet foar de fûgels en fersteuringen yn it briedseizoen.
As Nederlân net binnen twa moannen mei ferbetterfoarstellen komt, komt de Kommisje dêr sels mei.