Omrop Fryslân

Gefoelich oarlochsargyf no ek yn te sjen by Tresoar: "Emosjonele ferhalen"

Twa Nederlânske SS'ers en in NSB-boargemaster wurde ûnder skot holden, in dei nei de befrijing yn Dokkum
© ANP
Oant no ta koe it allinnich yn Den Haag, mar fan takom wike ôf binne gefoelige oarlochsargiven by Tresoar yn te sjen. Yn de argiven stiet ynformaasje oer minsken dy't yn of krekt nei de Twadde Wrâldoarloch fertocht waarden fan gearwurking mei de Dútske besetter.
Dat it ûnderwerp gefoelich leit, waard ferline jier al dúdlik doe't de argiven fan it Centraal Archief Bijzondere Rechtspleging (CABR) digitaal beskikber komme soene.
Fanwegen de gefoelichheid gie it nammentlik net troch. Minsken moasten dêrtroch hielendal nei Den Haag foar ûndersyk. Oant no.
Omdat der sa'n soad minsken nei Den Haag ta kamen, is besletten om it CABR ek iepen te stellen by alve regionale argiven, wêrûnder by Tresoar.

"Emosjonele ferhalen"

Nickie Brekelmans fan Tresoar fertelt dat it noch wol in útdaging wie om dat te organisearjen.
"Sitst mei privacy en emosjonele ferhalen dy't nei boppen ta komme. Der binne dêrom rjochtlinen fanút it Nasjonaal Argyf dy't wy folgje."
Nickie Brekelmans fan Tresoar
© Omrop Fryslân
Sa sil Tresoar de seal ôfslute foar oare besikers. Allinnich minsken dy't delkomme om de dossiers yn te sjen krije tagong.
"Yn de romte steane twa kompjûters en elke besiker mei ien mei-besiker meinimme."
Fierder is der in tafersjochhâlder oanwêzich. "Us meiwurkers dy't tafersjoch hâlde ha in training dien: 'Omgaan met intergenerationeel oorlogstrauma'. Dus dy binne derop taret."

Yn guon gefallen noch altyd nei Den Haag

Lang net it folsleine argyf is yn te sjen by Tresoar. "30 persint fan it argyf is no digitaal makke. Dat diel is by ús yn te sjen."
Op de webside oorlogvoorderechter.nl kinne minsken de persoan sykje dêr't sy ynformaasje oer wolle. Dêr wurdt ek dúdlik oft it dossier by dy 30 persint heart.
"As op dy side by it dossier nog niet gescand stiet, dan moatst nei Den Haag."
Tresoar moat oan regels foldwaan, sa meie der ek gjin foto's makke wurde
© Omrop Fryslân
Henk Sloots hat ûnderfining mei it CABR. Hy skreau it boek Het meisje dat dood moest, oer Grietje Sinnema fan Rie. Sy wie ûnderdiel fan in húshâlding dy't yn de oarloch de kant fan de Dútske besetter keas, ta lilkens fan it ferset.
Omdat it ferset in besykjen die ta in oanslach op it libben fan Sinnema, waarden yn it doarp úteinlik fiif minsken fusillearre.
Sloots wennet sels yn Ried en fernaam dat yn it doarp in taboe hong op it ferhaal fan de famylje Sinnema. "Ik woe witte hoe't it siet en wêrom't de famylje de kant fan de Dútsers keazen hat", seit hy.
Dêrom besleat hy om ûndersyk te dwaan nei harren ferhaal. By dat ûndersyk hat hy it argyf fan de famylje ynsjoen yn Den Haag.

Centraal Archief Bijzondere Rechtspleging (CABR)

It Centraal Archief Bijzondere Rechtspleging (CABR) is it grutste Nederlânske argyf oer de Twadde Wrâldoarloch. It befettet 3,8 kilometer oan dossiers mei 30 miljoen siden oer persoanen dy't fertocht waarden fan gearwurking (kollaboraasje) mei de Dútske besetter.
It CABR befettet net allinnich juridyske dokuminten, mar ek tsjûgeferklearringen, persoanlike brieven en ferhalen fan slachtoffers.
Net elkenien yn it argyf is skuldich befûn. Guon fan de minsken binne letter frijsprutsen of nea feroardiele.
Sloots hat yn syn ûndersyk in soad oan de dossiers hân. "Yn dy dossiers siet in bult oan ynformaasje dat noch net earder it deiljocht sjoen hie. Sûnder dy dossiers hie ik myn boek net skriuwe kinnen."

Yndianeferhalen

Sloots fynt it posityf dat it CABR no ek yn te sjen is by Tresoar. Hy is foarstanner fan it iepenbier meitsjen fan de dossiers.
"Dêrmei kin de wierheid oan it ljocht komme. En wat kin der mis wêze mei de wierheid?"
Ferwachtsje net datst nei in oerke presys witst hoe't it allegear sit.
Henk Sloots warskôget dat it dreech sykjen is yn it CABR
"Oer it algemien is it sa: ek al binne it pynlike dingen, je kinne it better witte as net witte", fynt Sloots.
"Want oars jout it oanlieding ta wylde spekulaasjes, geroften en dingen dy't net wier binne. Dêrom binne just dy dossiers sa belangryk."
Henk Sloots
© Eigen foto
Yn syn ûndersyk hie Sloots ek te krijen mei dy spekulaasjes en geroften.
"Ik ha mei in soad minsken praat en in soad yndianeferhalen heard. Doe't ik de dossiers ynsjen koe, seach ik de feiten. Dan kinst wylde ferhalen nuansearje."
Sloots warskôget belangstellenden dy't it argyf graach ynsjen wolle: "Ferwachtsje net datst nei in oerke presys witst hoe't it allegearre sit, want sa simpel is it net."

Samling fan dokuminten

"Ast gjin histoaryske achtergrûn hast mei algemiene kennis fan de Twadde Wrâldoarloch en do slachst it iepen, dan witst net presys watst sjochst", seit Sloots.
Hy leit út dat alle dokuminten sûnder bewurking opnaam wurde yn it CABR.
Gefoelich oarlochsargyf no ek yn te sjen by Tresoar
"It is dreech sykjen. It is net in dokumint dêr't alles goed yn útlein wurdt, mar gewoan in samling fan allegear ferskate dokuminten. En net alles watst dêr lêst is de wierheid, moatst it wol pleatse kinne."
"Nim bygelyks in proses-ferbaal fan in tsjûge: alles wat dyjinge seit hoecht net perfoarst wier te wêzen, mar dy ferklearrings sitte wol gewoan yn it dossier."

Tiidslot reservearje

Net elkenien kin trouwens samar de argiven yndûke; moatst in oanfraach yntsjinje en in dúdlike reden hawwe, lykas ûndersyk of it útsykjen fan famyljehistoarje.
Belangstellenden kinne harren tiidslot reservearje op de webside fan Tresoar.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.