List mei 'foute' nammen online: wat betsjut dat foar dy?
Wannear krijt immen it stimpel 'fout'? Wêr lûke wy de grins as it giet om 'foute' karren yn de oarloch? As de nammen fan dyn âlders te finen binne yn it Centraal Archief Bijzondere Rechtspleging (CABR), wat betsjut dat dan foar dy?
Sûnt 1 jannewaris 2025 is it mooglik om online nei minsken te sykjen yn it CABR. It argyf wie al langer yn te sjen, mar allinnich yn it Nationaal Archief yn Den Haag.
Dêrneist moast de siker oanjaan kinne dat de persoan dêr't se ûndersyk nei dogge, ferstoarn is. Pas dan wie it mooglik om de dokuminten yn te sjen dêr't de persoan yn foarkomt.
Wat is it Centraal Archief Bijzondere Rechtspleging?
It CABR hat mear as 400.000 dossiers, dy't yn it ramt fan de nei-oarlochske, bysûndere rjochtspleging opmakke binne. Dy dossiers binne de wjerslach fan it ûndersyk nei minsken dy't fertocht waarden fan kollaboraasje mei de besettende macht.
It argyf koe ûnder guon betingsten al ynsjoen wurde, mar moat neffens de Argyfwet yn 2025 ek foar elkenien frij rieplachte wurde kinne.
Sûnt 2023 wurket it Nationaal Archief oan it digitalisearjen fan de stikken út it CABR. Oarspronklik soe net allinnich in nammelist online komme, mar ek de byhearrende dossiers. Nei in warskôging fan de 'Autoriteit Persoonsgegevens' oer privacysoargen binne dy plannen oanpast. No binne allinnich de nammen en dossiernûmers te finen.
Ek al ûntstie der spanning ûnder neibesteanden by it berjocht dat it CABR online komme soe, sjocht net elkenien de digitalisearring as in probleem.
Sjoch hjir diel twa fan de FryslânDOK 'Tusken Goed en Kwea':
Foarsitter fan Stichting Fryslân 1940-1945 Gerk Koopmans sjocht benammen kânsen yn it tagonkliker meitsjen fan it CABR.
"Der binne ek moaie dingen te finen yn it argyf. Net elkenien dy't neamd is yn de list hat folslein fout west, de dokuminten fan it argyf kinne it byld fan de minsken ek nuansearje."
Kâns foar nuânse
Yn it CABR stiet nammentlik alles dat de opspoaringstsjinsten fan Nederlân fûnen nei de oarloch.
Net allinnich dokuminten oer en fan pro-Dútske organisaasjes binne bewarre bleaun, mar ek ynformaasje oer gewoane boargers.
Otto Kuipers fan Tresoar jout in foarbyld: "Sa kinst immen tsjinkomme op de list dy't lid wie fan de NSB, mar dy't syn lidmaatskip al yn it begjin fan de oarloch opsein hie."
Omdat no allinnich de nammelist online stiet en net de dossiers sels, ferdwynt faak dat soarte nuânse. Kuipers fynt dat spitich. "Undersyk yn it CABR jout faak ek kâns om 'foute' karren better te begripen."
"Minsken besochten om de oarloch troch te kommen en makken dêrtroch 'foute' karren. Dat makket se net fuortendaliks folslein fout."
Wol of net witte wolle?
Neffens Kuipers binne minsken dy't ûndersyk nei harren 'foute' famyljeleden yn it CABR dien hawwe, faak ferromme. Tagelyk wit hy dat der ek in soad neibesteanden binne dy't der neat fan witte wolle.
Der binne safolle gradaasjes fan 'fout'.
"Der binne safolle gradaasjes fan 'fout' wêze", seit Kuipers. "Wannear'tst de dossiers ynsjen kinst, wurdt dat dúdlik. Yn hokker omstannichheden hawwe dy minsken hannele? Dan kinst somtiden ek begryp foar dy minsken krije."
"Dat wol trouwens net sizze dat dat foar alle dossiers jildt. Der hawwe minsken west dy't echt 'fout' wienen, dy't oaren martele of ferret hawwe."
Foar in heksejacht binne beide saakkundigen net bang. Koopmans: "Der stiet net in soad nijs yn it CABR, mar it argyf wurdt troch folsleine digitalisearring wol better brûkber."
It is just no wichtich om stil te stean by de posysje dy'tst ynnimst.
"In protte fan de rjochtsaken dy't yn it CABR opnaam binne, binne ek publisearre yn de kranten nei de oarloch", seit Otto Kuipers.
"Die binne yn te sjen fia Delpher en De Krant van Toen, twa online platfoarms dêr't kranten argivearre wurde." Dy iepenbiere ynformaasje hat ek nea ta laster laat.
FryslânDOK
Gerard van der Veer makke de twadielige FryslânDOK-searje 'Tusken Goed en Kwea' oer de ferskate griistinten tusken 'goed' en 'fout' yn de Twadde Wrâldoarloch.
Diel ien is hjir werom te sjen. Diel twa wurdt sneon om 15.30 oere op NPO 2 útstjoerd, snein fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân.
It argyf is no relevanter as ea, neffens Koopmans. "De stikken fertelle hoe't gewoane minsken omgeane mei oarloch, hoe't se har opstelle."
"Mei de oarloch yn Oekraïne en de gefaarlike trekjes fan presidint Trump is it just no wichtich om stil te stean by de posysje dy'tst ynnimst."