Omrop Fryslân

Argyf oer fertochte kollaborateurs giet iepen: "Dat kin ta ferfelende, pynlike ferrassingen liede"

Johan Steendam en Otto Kuipers fan Tresoar
© Omrop Fryslân
Wie pake fout yn de oarloch? Of docht bliken dat er falsk beskuldige waard fan heulen mei de Dútsers? En wa hat destiids de ûnderdûkers yn it doarp ferret?
It binne fragen dy't yn tal fan famyljes of mienskippen noch hast alle dagen heftige emoasjes oproppe. Op dy fragen kin ynkoarten mooglik in antwurd fûn wurde, as it Centraal Archief Bijzondere Rechtspleging (CABR) op 1 jannewaris syn argiven iepenet foar it publyk.
Yn dat argyf lizze dossiers opslein fan 425.000 persoanen dy't yn de oarloch fertocht waarden fan kollaboraasje, oftewol gearwurking mei de Dútsers. Oant no ta koene dy argiven allinnich op ôfspraak ynsjoen wurde yn de stúdzjeseal fan it Nationaal Archief yn Den Haag.
De Argyfwet skriuwt foar dat dy dossiers fan 2025 ôf hielendal iepenbier makke wurde moatte.
Tariedende ynformaasjedei by Tresoar oer iepening gefoelige 'kollaboraasje-argiven' Twadde Wrâldoarloch
It feit dat aanst elkenien tagong hat ta famyljegeheimen dêr't desennialang oer swijd is, bringt de nedige emoasjes en eangst mei him mei. Dêrom wurde troch it hiele lân ynformaasjegearkomsten organisearre. Sa ek by Tresoar yn Ljouwert, takom snein.
"It is hiel wichtich dat we ek de kontekst jouwe wêrom't dit bart en ek hoe't it materiaal beskikber steld wurdt", seit Johan Steendam, koördinator publykseveneminten by Tresoar yn Ljouwert.
"We fernimme wol dat der minsken binne dy't benaud binne dat famyljegeheimen boppe wetter komme. Dat kin ta hiel ferfelende, pynlike ferrassingen liede."

Gearkomste iepenbiermakking CABR-argiven yn Tresoar

De gearkomste oer de iepenbiermakking fan de CABR-argiven is op snein 17 novimber fan 13.00-17.00 oere yn Tresoar yn Ljouwert. Dêrby wurdt in taljochting en eftergrûnynformaasje jûn oer it iepenbier meitsjen fan it argyf, ek wol bekend ûnder de projektnamme 'Oorlog voor de rechter'.
Der wurdt ek in lêzing hâlden troch histoarikus Hans Blom, earder direkteur fan it Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie (NIOD). Hy sil ûnderfiningen diele oer it net smetteleaze oarlochsferline fan syn eigen famylje. Syn heit siet yn it ferset, mar syn pake, beppe en harren sân oare bern by de NSB.
Om besikers te stypjen by de emoasjes dy't loskomme kinne by de gearkomste fan kommende snein, sille der meiwurkers fan Psychotrauma Centrum ARQ omrinne om stipe te bieden.
De gearkomste is foar elkenien tagonklik, mar opjaan is wol ferplichte. Dat kin fia dizze link.
In soad kollaborateurs of eardere NSB-leden praten út skamte of eangst foar de gefolgen net oer har ferline. Har neikommelingen binne dêrom benaud foar wat de ynformaasje út it argyf, dat sy sels bytiden net iens ynsjoen hawwe, aanst losmeitsje kin.
Dêrom wurdt it argyf net yn ien kear online set, sa't earst it plan wie, mar yn fazen. Yn jannewaris wurde earst de swierste gefallen nei bûten brocht.
Tresoar-argivaris Otto Kuipers ferwachtet dêrom yn jannewaris (noch) net folle opskuor. "Foar de minsken dy't swiere straffen krigen hawwe, hat doe yn de kranten al in soad omtinken west."
As ien it stimpel 'fout' hie, dan tocht men gelyk oan it slimste.
Otto Kuipers, argivaris by Tresoar
Ferrassingen kinne neffens Kuipers earder ferwachte wurde fan 'lytsere' saken, wêrfan't de dossiers pas letter iepenbier makke wurde. "Dy saken waarden wol yn de kranten neamd, mar dat wiene faak stikjes fan seis, sân rigeltsjes. Yn sa'n dossier kin fansels folle mear stean."
It iepenjen fan it argyf hoecht neffens Kuipers net allinnich mar ta pynlike ferhalen te lieden. It kin der yn syn eagen ek foar soargje dat in nuansearre byld ûntstiet fan it gedrach fan minsken yn de Twadde Wrâldoarloch.
"As ien it stimpel 'fout' hie, dan tocht men gelyk oan it slimste. Mar ik tink dat dit foar in hiele hoop minsken ek foar opluchting soargje kin."
Twa Nederlânske SS'ers en de NSB-boargemaster fan Eastdongeradiel ûnder skot. Links stiet in lid fan de BS
© ANP
Boppedat is der ek de oare kant. Neffens Kuipers en Steendam is it hiel wichtich foar (neibesteanden fan) slachtoffers fan kollaborateurs dat de argiven no iepensteld wurde.
"Tink oan de minsken fan it ferset en benammen de Joadske mienskip. Dy kant wol hiel graach dizze iepenheid en graach folle mear witte oer wat der mei heit of pake bard is. Miskien dat sy no yndied antwurden krije."
Om alle gefoelichheden en nuânses te tsjutten, wurdt yn it online argyf dêrom ek kontekst en taljochting jûn, fertelt Steendam. "En it wurdt bygelyks ek net samar fia Google trochsykber. Dus der wurde in pear hindernissen ynboud, sadat der dochs wol wat beheining is."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.